Midwintercup 2010

Weppers snein 10-1
9 januari 2010
Weppers moandei 11-1
11 januari 2010

Midwintercup
De lêste Midwinterkup ûnder behear fan de KNVB is wûn troch Friesland(mânlju) en Be Quick Dokkum(froulju, fjild).
Inkelde SDS’ers(Hjalmar, Eeltsje, Jelmer, Jildert, Pieter G. en ien fan de wepmasters(dy sûnder bril) hienen ûndanks dat SDS net mear meidie, der in SDS-nijjiersresepsje wie en Pyt “Snot” wer ris in waaralarm ôfjûn hie dochs de muoite nommen om de finales fan de Midwinterkup te beskyjen. Sy kamen binnen by de kwartfinales. Hjirûnder per ronde it ferslach.

Kwartfinales
It earste wat opfoel wie dat beide tsjinstanners en winners fan de poule by SDS 1 fjild trochgienen nei de kwartfinales. Heerenveense Boys hie de finalepoule wûn nei in beslissingswedstryd tsjin LSC(siet by SDS 1 seal yn ‘e poule) mei 1-0 te winnen yn in wedstryd fan 10 minuten.
Avanti hie yn de kwartfinale gjin muoite mei De Herauten en wûn mei 4-0. Friesland(winner fan foarich jier) hie it al dreech mar koenen nei penaltys dochs winne fan stêdgenoat FVC. Heerenveense Boys gie nei de heale finales nei te winnen fan Drachtster Boys mei 1-0. Urk hie it tige dreech mei Oeverzwaluwen. Oeverzwaluwen kaam sels foar mei 1-0 en 2-1. Tsien sekonden foar tiid makke Urk de lykmakker. Nei penaltys gienen de Urkers troch.

Heale finales
Yn de heale finale hie Friesland(sa as wy al wat ferwachten) gjin muoite mei Urk en wûn mei 6-1. Avanti hie it dreger tsjin Heerenveense Boys. Sy kamen al gau mei 1-0 efter nei in slipperke efteryn. Avanti makke lyk en troch in maklik jûn frije traap kamen sy op 2-1. Hjirnei koe Heerenveense Boys net mear gefaarlik wurde.
By de froulju seagen wy dat sawol Be Quick Dokkum fjild as Be Quick Dokkum seal de penaltyserys wûnen fan HZVV en ONS. By ONS miste Eastereinse Akke-Rixt Sysling jammerlik. De froulju fan Be Quick koenen tegeare feestfiere.

Finales.
De kenners hienen al foarsein dat mocht Avanti it net rêde yn de finale tsjin Friesland sy it heechstwierskynlik ferlieze soenen yn de omskakeling. Dit wie goed sjoen want dit barde ynderdaad. Friesland kaam knap foar mei 1-0 yn de earste helte. Yn de twadde helte gie Avanti hieltiten drokker op syk nei de lykmakker, mar Friesland wie tige gefaarlik yn de kounter en kaam sa op 3-0. Avanti kaam noch werom nei 3-2, mar nei de 4-2 wie it dien foar de Stiensers en makke Friesland der sels noch 6-2 fan.
By de froulju wie it spannend oan ’t it ein. De fjildfuotbalsters fan Be Quick Dokkum wûnen úteinlik mei 2-0 fan de sealfuotbalsters.
Sjoch
hjir foar it ferslach fan Omrop Fryslân.

Sjoch hjir foar alle útslagen yn de foarrrondes.
Sjoch hjir foar alle útslagen yn de finaleronde.

Open Fries
Folgend jier is der wer in iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal. It sil dan wer barre ûnder de âlde namme “Open Fries” en De Trije sil it dan organisearje yn gearwurking mei de KNVB.

Wer net en alwer
Avanti stie yn de lêste fiif jier 4 kear yn de finale fan de Midwintercup. Dit rissulteare net yn folle 1e prizen. Sy wûnen de finale allinnich yn 2007 (fan Exstador).
Friesland wûn foar de twadde kear op rige de Midwinterkup. Allinnich Wolvega is hjir in kear earder yn slagge (yn 1996 en 1997 wûnen sy yn it FEC).