Weppers sneon 13-6
11 juni 2009Weppers moandei 14-6
15 juni 2009Midsimmer
Sneon is yn Dronryp it iepen kampioenskip simmerfuotbal holden. Ien fuotbalfjild wurdt dan omtovere ta 4 lytse fjildsjes en boppe dat is der dan ek noch plak foar in feesttinte, in springkessen en oare saken.
Mar leafst 40 hearen en 12 froulju teams diene mei. De SDS 1 hearen diene meie en sij hawwe it prima dien.
Opfallend wie dat Harkemase Boys ek mei die met seker net de minste fuotballers
Wa diene mei
Jaap, Jildert, Feite, Tsjalling, Hendrik, Skelte en Jelmer
De poule
SDS siet yn in poule mei AVC, CSL, Futsal Marrum en de Wâlde. Der moast hieltyd in kertier spile wurde. Der gyngen twa fan elke poule oer.
SDS – AVC 5-2
Skelte hie it op syn heupen yn dizze partij: hij skoarde 4 kear en der wiene prachtige doelpunten bij. Tsjalling makke de 5 fol.
SDS – de Wâlde 4-3
SDS kaam goed foar mar liet it noch op in spannend slot oankomme. Tsjalling (2), Skelte en Hendrik skoarden.
SDS – CSL 1-1
CSL wie wat favoryt yn de poule en SDS moast yn dizze wedstriden meardere kearen in berop dwaan op de keeperskwaliteiten fan Jaap. Feite makke it ienige en foaral wichtige doelpunt.
SDS – Futsal Marrum 5-2
Om fierder te gean wie in gelykspul wol genôch. Mar de mannen gyngen wer foar de winst. Skelte, Tsjalling enJelmer Posthumus skoarden. De lêste die dat 3 kear, wêrfan 1 kear in stellen doelpunt fan Feite.
1/8 finale
It lot koppele SDS oan Trynwâlden. It waard gjin probleem. Mei ûnderwilens in bank fol supporters waard in 3-0 oerwinning helle. Skelte, Jelmer en Tsjalling skoarden.
Kwartfinale
FVC waard de folgende tsjinstanner. In tige spannende wedstryd mei in emoasje, foar safier je dêr tiid foar hiene. Sjoen mei de SDS bril op, hie de skeids wat in dubieuze rol. SDS krige net in frije traap mei en waard sels meardere kearen werom fluite foar in fermiende oertreding. In korrekte balôfname fan Skelte waard weromfluite, SDS poerrazend, Tsjalling mei giel nei de kant (flikker op man) en FVC skoart.
Mar de man fan de wichtige doelpunten Feite de Haan skoarde yn de alderlêste sekonde de terjochte gelykmakker (1-1)
Strafskoppen
Earder op de dei wie der noch in teory lanseard dat loftsfuottige spilers yn ferhâlding faker in strafskop misse. 4 rjochtspoaten mochten earst: Jelmer rekke, Hendrik, Tsjalling en Feite mis (of leaver sein doelman Feiko Wilpstra kearden se alle trije)
Linkspoat Jildert hoegde net mear sjen te litten dat dy teory yn Dronryp net opgie.
De finale
FVC ferlear yn de heale finale tsjin Harkemase Boys en Avanti koe net winne fan Sneek WZ.
Yn de finale lieten keeper Jacob de Vries, Drewis Jansen, Martijn Barto, Dennis van den Driessche en foaral Oebele Schokker sjen dat je op kwaliteit en sûnder wiksel sa’n toernooi maklik winne kinne. Sneek waard mei 7-1 ôfdroege en de technyske heechstandsjes fan de Boys waarden tige wurdearre.
De froulju
Bij de froulju gie de finale tusken AVC en Be Quick Dokkum. De lêste ploech wûn nei strafskoppen.
De SDS favoryt, Akke Rixt yn it sjurt fan ONS kaam ek net fierder as de kwart finale.