Marco Hoekstra folgend seizoen trainer SDS 1

Weppers freed 18-12
17 december 2015
Efkes Balje
19 december 2015

Marco Hoekstra wurdt folgend seizoen de nije trainer
fan SDS 1.
Marco is gjin ûnbekende foar SDS. Hy hat jierren sels by SDS keept en ek trainer west fan û.o. SDS 2 en assistent-trainer fan SDS 1.
Hy hat sawol Oefenmeester 3 as 2 en is no trainer by vv Skearnegoutum.
Marco liet tidens de sollisitaasje-prosedure sjen tige entoesjast te wêzen en fol ideeën te sitten.
Marco hat in SDS-hert en wol probearje syn SDS-gefoel oer te bringen op net allinnich de spilers fan SDS 1, mar ek op de supporters.

Marco sil assisteard wurde troch syn broer Robert.
Robert sil op tongersdeis helpe mei de trainingen en is sneons by de wedstriden.
Robert is yn besit fan Oefenmeester 3.