Liftwedstryd diel 2
29 december 2009Âldjiersweppers
30 december 20091
woansdeitemoarn 05.00 Wybren en Namkje
Gjin berjocht krigen mar begrepen fan Sytse dy’t ik om 6.30 oere belle ha, dat Wybren en Namkje om 4.00 as earsten bij it hostel wiene. Ek foar de tichte doar.
Aant: fan herte lokwinske Wybren en Namkje!! 23.25 stiene se noch bij Birmingham en doe wiene se net hoopfol.
2
woansdeitemoarn om 5.47 Sytse en Jimmy
Wij binne oan! Willy Wall Walhahalla is noch ticht.
Aant: SuperMc. Jim hawwe it wier makke. Sit de efterdoar ek op slot?
6.11 sms Willem en Marije
Nei 5 oeren wachte te hawwen, geane we langs in oare route. De lift dy wij no ha giet oan Peterborough.
Aant: at dit mar goed komt. dat leit wol hiel folle yn it Easten en ik sjoch gjin grutte diken nei Petersborough, mar dy sil der fêst wêze.
6.12 mail Anneke Vermeulen
Aant,
Do makkest der, tegearre mei de lifters, wer in “dag-en nachtvullend” programma fan. Prachtig! Ik bin yntusken o sa benijd wer’t alle lifters ride, stean of lizze. We sille straks wol wer mear hearre. oant dan,
Anneke (mem fan Wytske)
Aant: ynskatting fan stân fan saken om 7.00 oere
wybren en Namkje : te plak
sytse en jimmy : te plak
tjitte Jelle en hadewey: op sa’n 50 miles fan Stirling?
tsjeard en beitske : tusken Glasgow en Stirling (27 miles)
willem en marije: bij petersborough (noch 377 miles)
wytske en arjen: bij new castle (noch 166 miles)
sjoerd en teade: ?????
Gertjan en Karen: aardich op wei nei
Klaas en Amarins: ?????
Jaring en Sjoerd: om 2.16 een melding op Twitter: onder de wol op ring van London: noch 800 kilometer
3
07.21 sms Tjitte Jelle en Hadewey.
Wij binn der!
Aant: moai dien! Lokwinske mei de oankomst
4
07.30 gjin sms fan Tsjeard en Beitske
Mar sij kamen dizze tiid oan.
07.35 sms Gert Jan en Karen
Goeiemnoarn Aant, wij binne ynmiddels in oantal oeren ûnderweis mei in sjouffeur dy’t ús op 20 km fan Stirling ofset. No yn Mac Donald oan de kofje
7.37 sms fan Willem en Marije
Krekt fan de dyk helle troch de plysje. De sjoffeur wie noch wurger as ús en begong wat te folle op de buren hun helt te riden. Wol in lift fan de plysje krigen.
Aant: wij hiene it al earder sein: de plysje is je beste freon. Earst foarkomme se dat jim ûngelokken krije en dêrnei ek noch in lift. Pet ôf.
7.38 mail fan Jehannes Hibma
Moarn Aant,
Sytse en Jimmy, lokwinske mei jim geweldige prestaasje. SUPER!!!!!!!!!
Wybren en Namkje bliuwe altyd wer in ferrassing, lokwinske mei jim 1e plak.
Aant, do bist altiid wer de webmaster dy’t de sjeu oan it gehiel jowt… it hâldt jin fan’e dyk en út’e sliep.
Alle oare lifters noch in protte sterkte bij it leste part.
Jehannes
08.00 De oankomstroutes
Grotere kaart weergeven
De koppels komme fan ferskillende kantennei Stirling ta. Oer de M9 of de M80. Je kinne wat skowe mei de kaart.
8.06 sms Klaas en Amarins
Ca 30 mile noch Scotisch corner pakt boemele mei truck. Kâld op ‘Lemmer
8.16 sms Wytske en Arjen
Boppe Edinburgh, noch 30 miles te gean.
8.27 mail fan Old McLInders
Sytse en Jimmy hertelik gefeliciteerd mit dees prestatie.
Ich hoap det ze nag eine struuje zak veur uch euver hebbe want geej zalt waal hiel muug zien.
Ich goan die verhoale in ’t fries ech neet allemoal ontcijfere, maar jong wat zien ze dao nach wiet achtergesteld, det die zich gen angere spraok aanliere det sjnap ich neet.
Ich heb eine hiele aardige collega oet winschoten en det ken ich allemoal good versjtaon, det is zelfs hiel leuk um aan te huure, maar ja, oejt zal de sievieliesatsie auch dao waal door komme.
Ich wins uch nag ein paar fein daag, vuul plezeer en neet te zat.
Old McLinders
Aant: Dankje wol foar de komplimenten foar de Fryske taal. Dêrom foar Old Mc Linders en fansels foar de winners it Fryske folksliet en dan net ien kouplet…
9.06 Mail fan Anna-Marie Wijnia
Moarn Aant,
Geweldich datsto wer sa’n super ferslach makke hast. Ik kin in protte, asto it goed fynst, foar it ferslach yn Diggelfjoer brûke.
Myn favoriten Wybren en Namkje hawwe oan de ferwachtings foldien en ek dit jier wûn. Lokwinske.
Ik nim noch kontakt mei jimme op foar in pertear.MEI FREONLIKE GROETNIS;
Anna-Marie Wijnia
9.08 sms fan Wytske en Arjen
Lêste lift te pakken. Bin we in goede middenmoter?
Aant: jim binne de toppers yn de subtop
9.10 twitter fan team Rispens
Team Rispens is wer los, mar noch wol yn London.
Aant: de opmerking fan dizze lift edysje komt wat mij oangiet op namme fan Sjoerd: in lyts stikje noch!!!
9.37 fan Tsjeard en Beitske
Us SMS net krigen? wij wiene der om 7.30 krekt nei Tjitte J en Hadewey
9.49 sms fan Sjoerd en Teade
Gemeente,
Wij ha hjoed twa nationale parken op it menu stean, foardat wij ús liftfreonen moetsje sille. Binne hjir no dochs…..
9.50 mail Folkje Marijke Visser (mem fan Tjitte Jelle)
Moarn allegearre,
Wat geweldich de earsten binne der alwer.
Lokwinske. Wy fine it super. En Tjitte-jelle en Hadewey al wer in tredde plak.
Geweldig. No mar even goed feestfiere.
Aant bedankt foar dyn ferslachjowing.
5
10.00 sms fan Klaas en Amarins
We made it yn 21 ritsjes. Is der ek in klassemint foar? Gr A en K.
Aant: de minste of de measte ritsjes, wat is it leukste?
6
10.10 beltsje fan Wytske en Arjen
Sij binne binnen. De doar siet al wer op slot.
10.15 mail fan Feikje Bakker
Hoi Beitske en Tsjeard
Toch knap dien; binnen de 24 oeren te plak. It lêste eintsje wie dreech tink? No mar even lekker sliepe.
Wybren en Namkje, myn lokwinsken mei jimme supersnelle reis. En ek de oaren dy ’t der al binne – lokwinske mei jimme prestatie!
Ik libje mei mei dy minsken dy ’t noch ûnderweis binnne en winskje harren noch in goede reis.
Genietsje fan de kommende dagen en nim der ien (as twa) op.
Oant sjen!
Feikje (mem fan Beitske).
10.20 mail fan Anneke Vermeulen
Mar hoe sit dat no mei de tiid: se rekkenje seker yn de locale tiid (in oere earder …), want ik les it berjocht om 10.10 oere, wylst se it om 10.15 oere skreaun ha.
Anneke
Beste Old McLinders,
Hertelik gefeliciteerd mit de prestaatsie van Jimmy. Ein sterk koppel is det mit seine barbaarse kammeroad Sytse oet Frysklank.
Ich sjrief dit maar in’t Limburgs, den hoef euch det neet allemoal te ontcijfere. West maar niet bange det wir gen angere taal oanliere kunt, daar sind wir best handig in. In Winschoten kallen ze ‘Grunnigs’, eine varrejant van’t Lieg Saksis, en det is wat anders es ‘Frysk”.
’t Limburgs is ein echte taal, zjus wie’t ‘Frysk”. Wir hopen det de sievieliesaatsie auch beneden de grote rivieren nag aan zal komme.
Ein hertlike groet oet Frysklank,
Old Mc Hibma
Nei 12 oeren toch mar efkes nei de oare kant fan de dyk ta. Earste auto naam ús mei nei de oare kant fan londen. We leare noch steeds.
Sij hawwe no in lift dy’t harren nei it stasjon yn Leeds bringe. Dêr stappe se op de trein. De nocht is der wat ôf. It reint, it snijt en fannacht genôch meimakke.
Sij wolle ek noch wat fan Stirling meimeitsje. En gelyk hawwe se.
Lokwinke! Earste 6 koppels, wat ‘n prestaasje!
Sus & Sweach, Nam& Wyb grandi! Folgjend jier wer mei dochs..?
Soad sukses oan e oare koppels.
Tank Aant, ha genoaten fan n spectaculair liftferhaal.
Marg&Sjouk
No, ik haw al tiiden net fan Sjoerd en Teade hjeard..
It bin ek echt fan die natuur-mannen he?!
Teade syn lijfspreuk is: Pak het op de heenreis. En dat dogge se!
Geselliche dagen der! groetsjes Janneke (freondin Teade)
Aant: Twa wiken lyn makke Teade noch sa’n moaie fotoreportaazje yn de natoer. Dy reportaazje hite “Paad” Sij sille it paad dochs net kwyt wêze?
13.17 sms Gert Jan en Karen
Wij binne te plak. Foar de doar ôfsetten.
13.39 mail fan Catrinus en Gerda
Hoi, Beitske,
Wat geweldich, datst Tseard te plak brocht hast.
Hy sil no ek wol hielendal stikken sitte.
Lokwinske, dat jim it sa fluch dien hawwe.
Hulde oan Wybren en Namkje, altiten goed foar in poadium-plak.
Allegearre in goed uteinde fan 2009 en in noflike reis werom nei it heitelan.
Groetnis, Catrinus en Gerda.
14.42 Mail fan Hans de Vries
Ha Aant,
dit liket my wol in alderaardigst lietsje foar Old McLinders en Old Mc Hibma!
Aant: Hans, dat klopt, it is foar de beide mannen skreaun. Piter Wilkens (fryske troubadour) en Ge Reinders (Limboargser) mei it ferske Nederland.
Geweldich. Ik mail it harren ta maild, want ik kin gjin muzyk uploade. Hawwe der mear minsken belangstelling, mail dan mar efkes nei sds-nijs@home.nl
14.45 Twitter Jaring en Sjoerd
Aant: Foar dizze mannen dy’t gek binne op “de ring” is der moai liet fan Ferre Grignard. Sjongen bliuwen mannen. De oaren fûnen it allegear gjin makkie. Raar, dy binne der al.
16.05 mail Rob Dijkstra
Karen, Gertjan en alle oare lifters: gefeliciteerd en moaie jierwiksel!!
Aant: prachtig!
De beide pakes fan Karen ut Antwerpen.
8
17.02 Sms fan Sjoerd en Teade
He Aant,
Wij binne te plak. Echt wier, gjin puzzel as riedsel dizze kear. Shalom
Aant: Sjoerd en Teade fan herte lokwinske. Jim binne binnen de tiid. Rom sels.
Hoe wie it yn it bosk? Of haw jim aaisocht ? Hjir mei it dochs net mear en jim hiene de pet op.
17.20 mail OldMcHibma
Tip foar Jaring en Sjoerd: Foar Jaring en Sjoerd (Lord’s of the Ring): Hâld moed en mochten jim RTL 4 ûntfange kinne, dan kinne jim jûn nei de Lord of de Rings sjen
Old McHibma
Fraach: Wannear komt de trein út Leeds mei Willem en Marije en hoe sit it mei Jaring en Sjoerd??
17.30 Twitter team Rispens
Moai waar, lange dagen! Lift nei Northampton! Lokkich binne wy net lêste want wy sette wol troch! Tút team Rispens. Vet later.
Aant : dat is it noch 339 miles. Ha se dêr ek hotels?
10
18.14 mail Jacob Visser (broer fan Willem)
Sms fan Willem en Marij:
Nog tien minuten en dan komen we aan. Goeie reis gehad, 4 uren gestaan.
18.20 mail Lieke van Beek
Wij willen Beitske en Tsjeard nog wel feliciteren met hun aankomst – al hebben ze niet gewonnen. Wat een dappere onderneming! We wensen jullie een snelle en behouden thuiskomst.
Groet,
Gabe en Lieke (grijze opel antwerpen-gent)
9
18.52 twitter Jaring en Sjoerd
Aant: foarloapich binne jim lêste, mar dat kin noch oars wurde at jim echt binnenkomme. Ik ferwachtsje dat lykwols net, sûnder help fan trein en bus en metro en mooglik sels in fyts (mar dat allinne yn uterste needsaak)
18.48 sms Willem en Marije
Wij binne der en sette al oan it bier.
Aant: Petsje ôf foar jim striid, mar ek foar jim beslüt om it lêste diel net te liften. Sa kinne jim de sfear dêr ek echt meinimme. Nim der mar in oantal op!
18.50 TwitterTeam Rispens
Lift nei Birmingham. Giet moai!
19.30 Twitter mei Team Rispens
Team “never give up” Rispens hat in lift nei liverpool! Wy genietsje fan it liften, dat geflean is neat foar ûs. Troetelpriis?
Aant: Liverpool, dat hat ien foardiel: dêr rinne se nea allinne. In der ek in stoarm?
23.41 mail Suster Theresa
Wêr sit it team Rispens yn fredesnamme?
23.57 MMS fan de hiele ploech.
Sij sitte yn in ierske pub en de foto soe ik delhelje kinne, mar de account is blokkeard.
01.02 Mail Jan Jan Rinse Blanksma
De liftwedstryd is super te folgen ek op Curacao
02.08 Mail fan Marije Postmus út Mexico
Hoi Aant!
Ik wol earst Namkje en Wiebren efkes felicitere mei disse prestatie! Geweldig dien wer!
Ik sit op it stuit yn Mexico en kin ondanks it tiidsferskil de wedstriid toch goed folgje!
Ik hoop dat Sjoerd en Jaring nog oankomme yn 2009 😉
Groetnis fanút in tige waarm en sinnich Guadalajara, Mexico,
Marije Postmus
02.27 Twitter Team Rispens te plak
Neffens de twitter is team Rispens teplak.
Yn in net te leauwen toptiid binne sij fannacht oankommen fanút London fia Liverpool.
Hoe’t it mei harren geastlike sûnens is , is ûndúdlik. Wol hiel raar dat se twitterjend melde: set de kofje mar klear. Dan moat der wat oan de hân wêze.
10.00 mail Sytze Jorritsma
nb, yn die komt it mei team Rispens nea wer goed !!
Woansdei 30 desimber
Yn it Friesch Deiblêd in moaie foto fan Wybren en Namkje dy’t steane te liften bij it krúspunt yn Wommels. Wachtsjend op harren earste lift.
De kop is : De beste lifters van Wommels
(klik op it artikel om it te lêzen)
16.00 sms Tsjeard
Hoi, lekkere dei. Castle sjoen en no in kroech opeist. De bylden fan Jaring draaie op grut skerm. Jûn party en whiskey drinke. Groetnis fan allegear. Ek wer in nije besikersrekord op de side?
Aant: In soarte mei Jimbar dus….. Jaring syn bylden, dêr binne wij ek benijd nei.
In protte besikers dat witte wij no al mei sekerheid te sizzen. Fanút de hiele wrâld. In rekord? dat witte wij pas oan de ein fan de moanne. Dat heare jim.
18.00 mail Annette
Hoi,
Even op de site gekeken en zag dat jullie het ruim hebben gehaald.
Gefeliciteerd en een heel gezellige oud- en nieuw (ondanks dat dat een uurtje later is of doen jullie het gewoon 2x)
en goed 2010 gewenst.
Groetjes,
Annette
(lift van Joure naar Emmeloord)
Stjoerder
Jaring twittert dat de ynternet ferbing sa traach is dat it wol hiel dreech is om filmkes op syn Stjoerder.nl te setten. Wol steane der in oantal sfearfoto’s op. Sjoch hjir.
Lêste sms om 00.15 oere
Fan Jimmy McLinders krigen wij krekt nei it begjin fan it nije jier noch in lêste sms-ke. Yn it Limburgs. De strekking wie dat sij ús it bêste winsken en dat sij noch in oere wachtsje moasten op it nije jier en dat sij hoopten dat wij harren ek it beste winsken. Of soks sa wat.
Jimbar
Nijjiersdei, sa let mooglik komme de lifters werom. It soe geweldich wêze at alle freonen en famylje dêr bij binne.
De Jimbar giet op 1 jannewaris om 23.00 iepen en wij wachtsje op de lifters dy’t krekt nei 24 oere komme.
Hâld de sds side yn de gaten. Want mocht it allegear oars rinne dan kinne jim it hjir lêze.
00.45 Bus van der Bles komt oan bij Jimbar
In waarm wolkom foar it grutste part fan de lifters. Yn Jimbar wiene noch moai minsken kommen om de earste ferhalen fan de lifters te hearen. Tefreden lûden, prachtige erfaring, ûndersteanbere Skotten mar foaral ûntigelik gesellich en in hearlike groep om mei fuort te gean.
2-1-2010 mail fan Phyllis
Halo ik gaf Karen en Gertjan een lift naar Londen , wilde ze graag een gezond en gelukkig 2010 wensen, groetjes Aad
Kind Regards Aad & Phyllis
Tankjewol
De lifters ferbliden wepmaster Aant mei in sjurt yn Skotske kleuren en in flesse whiskey fan 12 jier âld. Hij is gelyk ôfsetten om noch sa’n hearlike flesse te heljen.
Noch wat links nei fotoalbums en oare liftsaken
Weblog fan in liftjouwer
Gastenboek fan dy liftjouwer