Evenementen in november 2022

Lifterkes
28 december 2009
Liftwedstryd diel 2
29 december 2009

Start
“Lokkich nij jier en de beste winsken” sa begroeten de lifters harren fannemoarn yn Jimbar. In grôtfolle bar mei lifters, heiten, memmen, broers, susters, freonen en oare belangstellenden. Ek GPTV wie oanwêzich.

De wedstryd kin folge wurde fia dizze side. Regelmjittich efkes op F5 drukke en jim hawwe de nijste ynformaasje.

9.05- SMS Tsjeard en Beitske
Hoi, lifte mei GPTV. Se fertelle entoesjast dat Jaring op lokaasje reporter is. Wij binne benijd

9.10 sms McSytze en McJimmy
Yoo, Os bin los. Na 10 min. Een rit naar Bolsward. Meneer gaat daar kades repareren, maar wil ons wel bij een benzinestation op de snelweg afzetten. Ayo

9.15 sms Namkje en Wybren
Wij hawwe ús earste lift ompraten om net fia Amsterdam mar fia Utert nei Zoetermeer et riden. Wij binne op wei.

9.37 sms McSytze en McJimmy
Goeiemoarn Aant! Wij ha in ritsje nei Almere. Kofje drinke bij frou Jorritsma

9.43 sms  Sjoerd en Teade
Goeiemoarn. Wij binne hearlik waarm ûnderweis rjochting Amsterdam. Oare dielnimmers foarbij ride is ek dit jier wer leuk…Shalom

9.45 de twitteraars

Jaring en Sjoerd Rispens geane twitterjend nei Skotlân. Wij kinne om 9.45 sjen dat sij nei Emmeloord ûnderweis binne. Sjoch ek hjir

Aant: Mocht Sjoerd it famke op de efterbank foarlêze of sjocht hij in DVD fan Winny de Poo?

9.50 Beitske en Tsjeard

Nei in bakje yn wytmarsum rolje we de dyk oer.

Aant: it opgeande sintsje laket harren oan? 

10.10 sms fan Arjen en Wytske

Hee Aant, we stean nei 4 liften yn Emmeloord. Mooi waar
en lange dagen. De groeten Wytske en Arjen.

10.25 tillefoan Willem en Marije
Sij binne krekt foarbij Zwolle, mar hawwe no in lift nei Rotterdam. Yn in buske mei fjoerwurk. Roken ferbean. Marije hat de tillefoan fergetten!

10.30 sms Tjitte Jelle en Hadewey
Rollen richting Utrecht. Mooi weer zo. Later….

10.36 sms Arjen en Wytske

Einliks stopt der werrus in auto, mar dêr efter riidt ek in plysjeauto. “Je mag niet liften jongeman”,
“Nee, maar we doen mee aan een liftwedstrijd”.
Andere agent: “komen jullie uit Wommels?” :”JAJA”. “Stap dan maar snel in”. Op nei Spakenburg.


Aant: altiten al witten dat de plysje je beste freon is, foar sa lang it duorret!

10.40 sms Namkje en Wybren
It giet dat it slydjaget. Bij Utert rjochting Gorichem

10.42 mail Sytze Jorritsma (heit Wybren)
Aant
een kilt soe dy goed stean neffens my

Aant: en in burd ek, Sytze

10.47 sms Gert jan en Karen
Hoi Aant,
Een lift van een chauffeur uit Kortrijk naar Ferwerd. Of was het nu andersom?

11.01 sms McHibma en McLinders
Team Sytse en Jimmy zijn goed op weg. Na een bakkie koffie van 2 min. Op tankstation bij Lelystad. Nu bij een schipper in de auto over de A27. Meneer gaat naar Dordrecht, maar zet ons effe uit voor de A15. Bij tankstation waar eerder die slaapkop naar binnen reed. Nu bij Bilthoven.

Aant: Dat is dus hjir. Sil oplette aansens. Net te ticht bij it rút stean gean en let op sliepkoppen

11.03 Twitter Team Stjoerder.nl
Team Rispens op A 27 bij Utert, Nou ja bijna….

11.16 sms Arjen en Wytske
Utstappe en binnen 1 minút mei in Fryske man yn in dikke Volvo nei Lille.

Aant: Dan is it noch 114 kilometer nei Calais oer de A16 en A25

11.16 sms Tsjeard en Beitske
Moai ritsje mei in Mercedes buske en Ingrid as sjoffeur. Har frans is better as dat fan ús. Op nei Hazeldonk.

11.26 sms Namkje en Wybren
Gesellich yn in buske nei Breda…

11.30 Aant
hellet in fiskje en komt werom en fynt trije nije berjochten

11.36 sms Klaas en Amarins
In âlderwetsk lifke, yn e laadbak fan 4×4 rjochting Goes.

11.45 sms Sytze en Jimmy
Wij hiene wol wat minder waarme klean oandwaan kind. Mar 2 minuten bûten en wer troch…. Wij sitte no yn in auto dy’t nei Wales giet. Moai fuort!

11.47 sms Wybren en Namkje
Wij ha it stjoer al oan de rjochterkant.  Jammergenôch riidt dizze Newcaster nei Andorra. Wij gean mei oant Gent. File no.

11.52 sms Marije en Willem
Wij hebben een lift. Naar Antwerpen met twee gezellige dames.

11.55 mail Tsjeard en Beitske
Lang leve de I-phone. Gjit moai.

12.00 twitter Jaring en Sjoerd



De technyk stiet foar neat.

12.10 sms Tsjeard en Beitske
Sitte yn de selde file as Wybren en Namkje

12.12 sms Tjitte Jelle en Hadewey
Wij binne hast op de Hoeke fan Hollân. Noch 18 km

Aant: de boat giet 14.30. Dy helje se! Oertocht nei Harwich. Dêr binne se dan om 20.00 oere.

12.20 sms fan Amarins en Klaas
Belgyske famylje nimt ús mei nei Brussel, landrover wurdt oprêden, bern moat ynskikke en Pa rookt noch wat krûden. Hearlik sfearke.

12.45 Aant mei radio2 op de eftergrûn yn in waarm kantoar
Efkes werom nei de start. Noch wat opmerkelike foto’s.

12.46 Tsjeard en Beitske
Wat in fille dikke ellende.

Aant: dat sjocht der net goed út yn Belgie. Gelokkich giet der elk oere in boat út Calais

12.47 Mail fan Amarens, Renske en Anna Jente út Terherne
Sa as elts jier sit ik as troue supporter fan Klaas en Amarins efter de komputer. En dit ier net foar neat, want der is sawier berjocht fan harren. Dat bin ik net wend fan foargeande jierren.
 
Hjir noch in suggestje foar de liftbestimming foar takomend jier:
It plakje “
Amarens” yn Frankryk

13.18 sms Teade en Sjoerd
Middei Aant,
al die willen te kaapren varen moeten mannen met baarden zijn. Sjoerd , Teade en de kapitein hebben baarden. Zij varen mee. Weinich lêst fan files.

Aant: Ik hie dus ek wol mei kind!! 1973. Fungus.

13.32 twitter team Rispens
Ek team Rispens stiet yn de file. Sij binne dus ek yn Belgie.

14.00 Aant
It is tige rêstich op de line. Dat kin in oantal dingen betsjutte: in kâlde tomme of men sit al yn it bûtenlân en wit dat de sms-kes fan dêrút djoerder binne.
Of wolle se de konkurrinsje net op de hichte bringe?

Ljouwerter Krante -Regio
Yn de LC side fan hjoed stiet ek
in stikje oer it liften. Wij kinne it net goed sjen mar it soe in foto fan Sjoerd en Teade wêze kinne. Want Sjoerd hat fan syn sussen in prúk meikrigen “om ek ris earst te wurden”. Mooglik dat se ek noch in rokje yn syn tas dien hawwe. Dat Teade it pak oan hie, wie ús net opfallen bij de start mar it soe samar kinne.

Trouw
Ek Trouw wit dit jier it nijs oer de liftwedstryd te melden.

14.18 sms fan Beitske en Tsjeard
Wij sitte bij Kamiel van Kaatje op Ketnet yn de Ford. Bringt ús foarbij Oostende. Túten Tsjeard en Beitske.

14.19 sms McJimmy en Mc Hibma
Bonjour monsieur Aant. Inmiddels ook de franse grens voorbij. Nu het dilemma”: het risico nemen met andere teams op de zelfde boot belanden of gaan we sneaky door de tunnel…nog 20 km de tijd om te beslissen.

Aant: ik wist it wol. De boat sit nea fêst. Sjoch hjir

14.23  sms Namkje en Wybren
Yné achterbak mei 4 bern en Flaamske mearkes op ‘e radio. Seagen krekt Beitske en Tsjeard.

14.48 sms Wytske en Arjen

Ha, wederom eruit, erin! Op nei Calais. Ha Marije en Willem efterlitten yn Brugge… De geur is yn dizze auto Jupiler mei hassie geurtje. Hawar, wij ha it earste slokje al wer hân.

Aant: Arjen fult it berjocht letter noch oan. Let op het roodwitte detail.

15.08 sms Klaas en Amarins
Hoi Aant, nei wat koarte ritsjes wer op koers..Brussels Oostende. De remmen f d auto kapot en signaleard as in magnetron….piep,,,piep. Groetnis

15.24 mail fan Anne en Renneke Mijnheer
Goeie, 
Wy wolle jimme efkes witte litte dat wy Willem en Marije fan ‘ e midje oppikt hawwe by een tankstation yn Minderhout krekt oer de Belgyske grins, san 15 km foarby Breda en harren meinommen hawwe oant Jabbeke/Brugge ta op de route nei Calais. As it goed is binne se no alwer fierder op reis. 
Groete ek nammens Willem en Marije, 
Anne en Renneke Mijnheer. 
Friezen weinjend yn België

15.30 mail fan Namkje en Wybren
Welkom in Frankrijk. Uw tarieven voor bellen naar Nederland en lokaal eur 0,51, gebeld worde euro 0,23 versturen sms 0,13 enz.

15.34 Aant
It is wat rêstich mei de twitteraars. Of wol it net twitterje yn de file? En hoe sit it mei de boatsjefaarders fanút Hoek fan Hollân (Tjitte Jelle en Hadewey). Of hawwe sij in hut. Tsja dan sil it wol efkes stil bliuwe.


15.48 sms Karen en Gert Jan
Hoi Aaant, hier even een uodate. We rijden nu bij Gent. Gaat tot nu toe best. Striling hier we come.

15.49 mms fan smiling tomme
hspace=0

15.51 sms Sjoerd en Teade
“Spetter, spetter spater”, wat een water. Wij lizze op skema, tefreden mei ús konstante prestearen.

Aant: spitich dat wij witte op hokker skema sij fuortgien binne. Rûntsjes fan 31 of rûntsjes fan leech yn de 29 makket in hiel ferskil op 1400 kilometer

15.55 sms Willem en Marije
Nei in oere blauwbekje yn rein. En de lunchpûde hast leech. Ha wij dochs noch in lift nei Londen. Gean oer Dover.

Aant: Wachtsje yn de rein, oars in prachtich liet fan Wiegels Wjukkelmasjine. Spitich gjin orisjinele útfiering mar dochs leuk as oppepper foar Willem en Marije. 

16.19 sms Tsjeard en Beitske
Op it flot! Lekker lifte

16.45 twitter Jaring en Sjoerd
Eindelik út Gent wei, op nei Oostende. Mar Brugge kin ek gesellich wêze.

17.20 Aant
It is tige rêstich. Wij sille sjen at wij om 20.00 oere in kompleet byld ha op kaart. Dan komme der neffens mij twa koppels fan de boat ôf yn Harwich, dan is der in begjin. It soe wolris sa wêze kinne dat team Rispens hekkesluter is op dit momint. Twitterje en lifte is gjin goeie kombinaasje?

17.32 sms Wytske en Arjen
Hee thúsbliuwers. Oeren op de grins tusken Frankryk en Ingelân hûnen dy’t nei drugs sykje is net ús hobby.

17.40 reaksje Skelte Anema doarpsgenoat fan W en A
Arjen moat net te folle ferdôvjende middels brûke, aanst komt er net troch de dopingkontrôle! Hup Mantgum! 
Skelte

18.14 sms Gert Jan en Karen

Hoi Aant, we zitten op de boot vanuit Duinkerke naar Dover (gratis) Gaat mooi.

18.22 sms Namkje en Wybren

Neffens ús sjoffeur “the white cliffs need to be repaired”. Dover dus

18.30 Sytze en Jimmy (Mc)
De minsken dy nei Wales gongen, makken helaas pas moarn de oerstek en hawwe ús bij de tunnel der útsette. Dit wie in grutte fout! Sawol bij de yngong fan de frachtweinen as de autos’ twa oeren ompankoeke. Hjir kamen wij Arjen en Wytske ek noch tsjin. Toen lift regele foar de eagen fan A en W. en sitte no op de boat mei Klaas en Amarins. No mar efkes een lifke regelje op de boat. Volle vaart vooruit.

Aant: 18.35 stân fan saken
De boat is it middelpunt op dit moment. Neffens mij sjocht it der sa út.

boat nei Harwich: Tjitte Jelle en Hadewey – 8 oere oan
boat nei Harwich: Teade en Sjoerd (?) – 8 oere oan
fan de boat yn Dover: Tsjeard en Beitske
fan de boat yn Dover: Wybren en Namkje
op de boat nei Dover fanút Calais: Klaas en Amarins
op de boat nei Dover fanút Calais: Sytze en Jimmy
op de boat nei Dover fanút Duinkerken: Gert Jan en Karen
bij de boat yn Calais: Arjen en Wytske
miskien wol yn de tunnel: Willem en Marije
ûnderweis nei in boat: Jaring en Sjoerd

18.45 mail fan Amarens (nicht fan de winner fan dit jier)
Sij wiist ús op
de link dy’t op Omrop Fryslân stiet.
Tige tank

18.55 sms Klaas en Amarins
Welcome in England

19.18 sms Tsjeard en Beitske

Mei in wrâldtrucker fan it flot ôf rjochting Londen. Great. On the M20, p en O sucks 2 hours delay.

GPTV – in sjochtip
Absolut de muoite wurdich. In moaie reportaazje op GPTV. Kin no noch gjin link meitsje dus op tv sjen.

Ein diel 1
Fanôf no komt de ynformaasje op liftwedstryd diel 2.