Lieder D1 yn sikenhûs

SDS League: Twa nije koprinners.
3 december 2003
Sibe, tink derom!!
4 december 2003

Moandei 1 desimber is Johan Brinksma út Wiuwert, lieder fan SDS D1, opnaam yn it sikehûs fan Utrecht. Johan moast tiisdei 2 desimber in swiere operaasje ûndergean. In operaasje wêrby de net goed funksjonearjende hartklep hersteld wurde moast. Woansdei 3 desimber ha ik mei syn frou skille. De operaasje wie goed gien. Hy lei op de yntinsive care en fielde him goed. Hy hie de moarns sels ek al nei hûs skille. As alles de kommende dagen goed giet dan komt Johan freed nei it sikehûs yn Snits. Yn elts gefal wat tichter by hûs. Wy winskje him en syn gesin alle sterkte en betterskip en in foarspoedich herstel! As der mear nijs is dan heare jimme dat wol of sjoch op de internetside.

KP