Krystweppers

Weppers freed 24-12
23 december 2010
Liftweppers
25 december 2010

Krysttoernoai Frjentsjer
Twadde Krystdei hawwe it ferfolch fan it Krysttoernoai yn Frjentsjer. De mannen fan SDS meie om 9.14 los en meie lyk flink oan de bak. It hiele programma foar harren sjocht der moarn sa út:

  9.14 R.E.S.   S.D.S.
10.10 Yn ‘e Stal   S.D.S.
11.06 vDellen Bellen   S.D.S.
12.02 De Harmonie   S.D.S.
12.58 Franeker Tw.   S.D.S.
Sjoch hjir foar it hiele programma fan moarn mei û.o. Ulenborgh Adviseurs(û.o. Jildert, Martin, Jacob von W., Freek, Sicco en sa) en Frankena Winsum(Geert Dijkstra) en Snackhouse(André Bons).
De finales begjinne om 13.30. Út elke poule geane de earste 4 oer. De stânnen oan ’t no ta sjogge der
sa út.

Gjin meiliden
Wy hoefe gjin meiliden te hawwen mei fuotbalfans dy ’t de Kryst allinnich fiere moatte. Sy geane fansels dizze 2 dagen dwaande mei de
VI-fuotbalkennistest. It binne mar 100 fragen…. Wat in weelde.
Ien fan de wepmasters is al 2 jûnen mei de kwis oan de gong west en siket noch 2 antwurden.

Harsens derby (363)
Sa mei de Kryst is in aardich Krystnûmer op de webside ek wol aardich. Dit is de favoryt fan Tom & Pieter:


Letter miskien wol mear!