Liftweppers

Krystweppers
25 december 2010
Toernooi D-E-F pupillen
26 december 2010

10xlifte

Kommende woansdei 29 desimber set it liftspektakel wer útein. Foar de 10-de kear besykje in oantal koppels it eindoel sa gau as mooglik
te berikken. It liket de lêste kear te wurden dat dizze wedstriid holden wurdt en fansels binne wij der wer streekrjocht bij.
Fanôf de start
woansdeitemoarn oant de thúskomst op 1 jannewaris 2011 pleatse wij de reaksjes fan de lifters en harren fans. En wêr’t wij 10 jier begongen mei in inkel tillefoantsje oan de ein fan de dei, sa fleane der no sms-kes, mms-kes, emailtsjes, postdowen en tweets troch de loft.
De sms-kes en mms-kes kinne nei 06-55117582, de postdowen nei Swingoerd 25, de emailtsjes nei
sds-nijs@home.nl of aanthofstra@home.nl. en de tweets kinne pleatst wurde mei in #10xlifte

Start

8 uur kleurplaat


De start is woansdei temoarn 29-12 om klokslach 8.00 oere of wat letter bij Jimbar yn Wommels. Tradisjoniel hope wij wer dat de lifters
útswaaid wurde troch in grutte skare fans.

Doel

10 jier lyn gie de tocht nei Milaan. Dizze 10 de kear is it doel wer Italie, mar fanwege logistike en finansjele redenen leit de finish no 40
kilometer fan Milaan ôf. Folle goedkeaper en tichtbij it fleanfjild Bergamo.
Dizze reis hat as titel meikrigen: Wat in begjin hat, hat ek in ein, it is in moai ein, om by it begjin te eindigjen.

Weromreis

De start is moarn om 8.00 oere en der binne optimisten (7 teams) dy’t tinke dat se trije nachten fan it bêd yn Bergamo gebrûk meitsje
kinne. De weromreis giet op 1jannewaris mei Ryan Air fan Bergamo nei fleanfjild Weeze en dêr pakke se in taksibus dy’t harren nei Jimbar bringt.

Dielnimmers
De folgjende 7 koppels hawwe harren ynskreaun foar dit slútstik:
1. Jaring Rispens en Simone Kingma
2. Teade de Boer en Sjoerd van Beem
3. Marije Peenstra en Roelof Fopma
4. Tsjeard Hofstra en Beitske Kooistra
5. Wybren Jorritsma en Namkje Koudenburg
6. Wytske Vermeulen en Arjen Klaversma
7. Sytse Hibma en Jimmy Linders

Ek dizze 10de kear binne der in oantal debutanten: Roelof Fopma en Simone Kingma. Twa lifters diene al 10 ôfleveringen mei Wybren Jorritsma en Tsjeard Hofstra. Moai is fansels dat Limburger Jimmy Linders der ek wer bij is. Hij hat yn alle gefallen de measte erfaring yn de snie.
Sneu is it foar Tjitte Jelle Verbeek: hij hat 9 kear meidien mar sil dizze kear net fan de partij wêze.

Liftdossiers
De wedstriid van 2011 (?) wurdt op
www.vv-sds.nl streekrjocht ferslein. Fan eardere jierren en wat allegear al foarôf gie oan it dit momint kin jim op dizze side fine.