SDS op syk nei in fersoarger
9 mei 2021SDS-League: ‘Bijna de Besten’ pakt de wykpriis!
12 mei 2021De kontribúsjeronde foar de twadde helte fan it seizoen hat krekt west. Wy hawwe as bestjoer fan SDS hawwe beslúten om dizze gewoan te innen. Dit û.o. op advys fan de KNVB.
De jeugd hat folop fuotbalje kinnen al wie dit spitich genôch net tsjin oare klups.
De jeugd fan 12 oant en mei 15 hawwe wy sels noch wat ekstra’s jaan kinnen mei de technyktrainingen fan PH-Sports.
De froulju en de senioaren fan SDS mochten al traine al wienen der hjir en dêr wat beperkingen.
By it iene team wie hjir at mear animo foar as by de oare. Sawisa rint de animo om te trainen no stadich oan werom.
Wy hawwe besletten om de sealfuotballers gjin kontribúsje te freegjen foar de twadde helte fan it seizoen om ’t dy hielendal net sealfuotbalje koenen.
De jeugd en de senioaren manlju en froulju traine noch efkes troch. De jeugd sil it seizoen ôfslúte op sneon 12 juny mei de Nationale Voetbaldag oftewol de SDS-slotdei.
Wy binne drok dwaande om foar folgend seizoen alles klear te meitsjen sadat wy dan in seizoen folop fuotbalje kinne en op gean nei it 75-jierrich bestean fan SDS!
Bliuw sûn!
Ut namme fan it SDS-bestjoer,
Willem Wijnia
foarsitter vv SDS