SDS-League: ‘Bijna de Besten’ pakt de wykpriis!

Kontribúsje twadde helte 2020-2021
11 mei 2021
SDS Vr.1 op syk nei nije spylsters!
13 mei 2021

It is dizze wike Annejan Hallema dy ’t mei ‘Bijna de Besten’ de wykpriis pakt. Hy pakt 48 punten en dat binne der krekt 3 mear as Simon Bruinsma mei ‘FC Lollum’ en ‘Onana Clean Sheet’ fan Johan Delfsma dy ’t hast syn tredde wykpriis pakt.

‘BarbEeltsje’ Postma bliuwt koprinner, ‘Okke Boys’ 2e, ‘FC Munnaps’, ‘FC Op nei de Top’ 4e en ‘FC Another Rick in the Wall’ 5e.
Benijd as it noch spannend wurdt mei noch twa spylrondes yn de Eredivisie te gean.

Underyn sprokkelt Thys Bruinsma mei ‘Dy Kloaten’ rêstich noch wat puntsjes en makket him klear foar de poedelpriis. No mar hoopje dat it reinwetter dan net op is……..

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 11

De nijste stân en lyk de einstân fan de SDS-League sil yn de rin fan nije wike hjir te sjen wêze op de webside.