Knuffelje mei SDS 5

Wepperkes – freedtemiddei –
30 april 2004
Opstellingen SDS 1 en 2.
30 april 2004

It kampioensfeest fan SDS 5 waard woansdeitejûn spontaan opfleure mei in protte knuffels. Oanlieding hjirfoar wie dat Sibe de Seefûgel dizze winter skreau dat hy it wol ris aardich fine soe dat ek by it fuotbaljen de kampioen oerladen wurdt mei knuffels. Hiel tafallich waard dit eksperimint útpreabeare by SDS 5. It waard in grut sukses. Ek nei ôfrin spilen de knuffels in haadrol. Under lieding fan Jantje Koopmans, Vader abraham, Jan Boezeroen, Wilma en Andre Haze waarden de kielen aardich op de proef steld. In oantal sfearfoto’s wolle wy jim net ûnthâlde. De barploech mei Tinus en Harm tank foar jim goeie soargen en it feit dat wy op tiid nei hûs giene.

Lieder Ids Boersma sjocht tefreden werom op dit seizoen.

Ype Tiemersma mei syn knuffel op de rêch

Ype fermakke him poerbêst mei de knuffels

It wie gesellich drok op de tafel

Priisfraach: Sykje de knuffel

Kanbbel hie nei Babbel wer it heechste wurd

Spitich dat it optreden fan Klaas Okkema net fêstlein is. Hy loftgitaarspile de iene hit nei de oare .  Leuk wie ek it draaiend rêd mei as superdraaier Ype Tiemersma. De prizen wiene letterlike en figuerlike  knuffels en waarden wûn troch Tsjikke, Eke en Sjouke