Keunstgersaksjes: û.o. biede op brânhout

Weppers snein 12-4
11 april 2015
Weppers moandei 12-4
12 april 2015

Bied ek op 4 à 5 kuub iepenhurd-hout!

Rûnom it B-fjild binne de beamen kapt en de keunstgerskommisje hat dit iepenhurd-hout krigen om te feilen. It giet om sa’n 4 à 5 kuub iepenhurd-hout.
It earste bod is al binnen:
€75,-
Om 13.00 krigen wy in bod fan: €100,- (Remco Bervoets)
Om 17.45 kaam it nijste bod: €125,- (Eddy de Boer)
Jim kinne heger biede fia
info@vv-sds.nl
Kom mar op!
It tsjinnet in goed doel!
De feiling slút sneon 18 april om 16.00 oere!

De keunstgerslotten
Ynmiddels binne wy hast 2 wiken los en it jild komt al aardich binnen. Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer:
NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach ynleverje foar 30 april!


SDS-lotten bestelle
Mochten der lju wêze wêrby ’t net ien oan de doar west hat mei SDS-lotten, mar wol graach in stientsje bydrage wol kin dat dwaan troch fia
info@vv-sds.nl lotten te bestellen. Jou oan hoefolle lotten as je hawwe wolle en wêr ’t de lotten hinne moatte. Wy regelje it dan fierder.

Measte lotten ferkocht senioaren
Fan alle teams binne de spilers fan SDS 1 noch it meast aktyf SDS-lotten oan it ferkeapjen. Al 4 spilers hawwe al harren lotten ferkocht en it jild ynlevere. Dirk-Yde Sjaarda begjint sels oan syn 2e boekje.

Measte lotten ferkocht junioaren en pupillen
By de jeugd giet de striid lykop mei A1, B2, C1 en D1 oan kop.

Komplimenten
Ús komplimenten geane nei de gebroeders Walta en Jack Slop fan B2. Sy fytsten fanút de Súdhoeke nei Itens, Easterein, Trijehúzen en Wommels om harren lotten te ferkeapjen en binne dêr super yn slagge. Ús komplimenten!

Mei Eeltje nei Nederlân – Spanje hienen de mannen wol fertsjine!

Fia mem
Wy merke wol dat it ferkeapjen fan de SDS-lotten foaral op de memmen del komt. Je komme se sawol op Facebook as fia de What’s app tsjin.

Fia Facebook
De nije media lykas Facebook wurdt ek ynsetten om SDS-lotten te ferkeapjen. Sa hat de mem fan Steven, Lourens en Pieter van der Pol har boeken der op setten en fan de opbringst hat se lotten kocht:


Fia Whats’app
De mem fan Peppi & Kokki hat yn in pear fan har What’s-app-groepen in oprop dien om lotten te keapjen en wie 10 lotten kwyt yn minder as in oere.

Winne en dan?
Mocht Sjoerd van Beem de haadpriis winne yn de SDS-lotterij dan witte wy al wat hy fan dat jild keapjen giet:


Gruttere stikken keunstgers “keapje”
Wa ´t net genoch hat oan it keapjen fan ien of meardere m2’s keunstgers kin ynkoarten fia de webside biede op:
– De middenstip
– 4 cornervlaggen
– 2 penaltystippen
Letter mear hjir oer!

Winne, winne, winne!
Hjir noch efkes de prizen dy ’t der te winnen binne mei de grutte “SDS-lotterij” op sneon 30 maaie:
Haadpriis; €3000,-
2e priis: €1500,-
3e priis: €500,-
Fierder noch SDS-trainingspakken, SDS-tassen en SDS-sjaals.

Grutte kans
De kans is grutter dat je wat winne yn de SDS-lotterij, dan dat je twa kear de jackpot winne yn in Amerikaanse lotterij ……………(klik hjir).