Weppers snein 12-4

Ut en ferslaggen 11-4
10 april 2015
Keunstgersaksjes: û.o. biede op brânhout
12 april 2015

Wy binne los!

Sa ’t jim juster sjen koenen binne de beamen en strúken rûnom it B-fjild delhelle. Dat betsjut dat wy los binne mei de folledige renovaasje fan it sportkompleks. It fergrutsjen fan it B-fjild is it begjin, dêrnei binne de boksen oan de beurt en folgend jier kin dan it keunstgersfjild oanlein wurde.

Pupillen fan de wike

Wij tinke dat dit fjouwer debutanten binne foar de foto fan de wike. Wij tinke dat Minke Postma en Elbrich Bijlsma foar it earst pupillen fan de wike wiene en it soe samar sa wêze kinne dat it foar middenfjilder Teun Heeres en doelman Sjoerd van Beem de earste kear is dat sij útsocht binne. De laits fan alle fjouwer seit genôch.

Ferslaggen
Der binne al wer wat ferslaggen binnenkommen fan wedstriden fan juster. Jim kinne se
hjir sjen

De popkes op it goeie plak

It is kertier oer tolven at trainer Frans Munsterman fan SDS 1 alfêst de popkes te plak set op it boerd.

Foto’s SDS 1 – SVM 1
Henk Bootsma hat juster wer ferskeidene plaatsjes sjitten by SDS 1 – SVM 1. Jim kinne se hjir besjen.

Folder

Tusken de ham, de spekjes en de tsiis sjogge wij yn de nijste folder fan Poiesz de hear en mefrou de Boer. Wij meie harren ek Tamme en Annie neame.

Harsens derby (1476)
Knappe goal,……………………..keeper!?