Futsal: SDS 1 wint krekt fan Espel

Wepperkes
4 februari 2004
Kenniskwis (6)
5 februari 2004

It 1e sealteam fan SDS hat justerjûn mei 2-1 fan Espel wûn. De wedstriid wie hiel wat dreger as de hinne-wedstriid yn Espel. Dêr waard noch mei 12-1 wûn.

SDS hie it de hiele wedstriid dreeg. Espel bleaun efteryn hingjen en liet hun net gek meitsje. Foaryn koe SDS gjin fûst meitsje. Skotten op de goal waarden faak blokt en oars gien sy krekt op ‘e peal of nêst. Pas nei 20 minuten koe Harm de 1-0 meitsje. In goed útspyle korner kaam fan Harm fia Robert en Willem wer by Harm terjochte en hy sjitte de bal hurd efter de keeper fan Espel. It wie Robert die ’t flak foar rust de 2-0 meitsje koe út in aksje.

Espel kaam der ek yn de twadde helte net folle út mar koe dochs de 2-1 meitsje. Hjirtroch krige SDS it benaud en seachen sy itselde al gebeuren as 2 wiken lyn tsjin Warkum (2-1 foar en dochs mei 2-4 ferlieze). SDS koe mar net op de feilige 3-1 komme, mar lokkich genôch makke Espel en gjin goal mear en bleaun it by 2-1.

Konkurrint WZS hat mei 13-3 thús wûn fan Lemsterland en bliuwt dus 3 punten efter op SDS. Moandei moat SDS nei Lemsterland ta en WZS spilet woansdei út tsjin Workum.