Weppers tongersdei 29-4
28 april 2010Seleksjes 1 maaie
30 april 2010It is fansels hartstikkene spannend yn de 2e-Klasse I. Leeuwarder Zwaluwen is dan wol al kampioen, mar foar de rest is der noch neat wis. Sjoch de stân mar ris:
01. | Leeuwarder Zwaluwen | 20-47 |
02. | Oeverzwaluwen | 20-35 |
03 | Blauw-Wit´34 | 20-34 |
04. | Broekster Boys | 20-34 |
05. | Trynwalden VC | 20-27 |
06. | Be Quick Dokkum | 20-25 |
07. | Heerenveense Boys | 20-24 |
08. | Minnertsga | 20-23 |
09. | Bant | 20-22 |
10. | BCV | 20-20 |
11. | SDS | 20-20 |
12. | Nijland | 20-19 |
It folledige programma foar moarn sjocht der sa út:
Nijland | – | Leeuwarder Zwaluwen |
Blauw Wit ’34 | – | SDS |
BCV | – | Be Quick Dokkum |
Heerenveense Boys | – | Minnertsga |
Broekster Boys | – | Trynwalden VC |
Bant | – | Oeverzwaluwen |
SDS League
Yn de SDS League wurdt it snein ek tige spannend. Pakt “Master(be)Erik”, “Sûnder Solve”, “Boem Boem Baarda” of “Alles op Paolo Henrique” de earste priis? Of soarget “FC Bakkerskonken”noch foar in ferrassing? Sneintemoarn meitsje wy de earste teams bekend sadat jim middeis moai foar teletekst, foar de radio of yn de Jimbar sitte kinne om te sjen wa ’t de SDS League wint. Wa ’t kampioen wurdt yn de Eredivisie is dochs wol bekend…………
Seleksjes
As it goed is dan kinne jim hjir hjoed om 15.00 de seleksjes foar moarn fine.
SDS A1
De A’s fan SDS spylje moarn om 14.00 de derby út tsjin VV Easterlittens A1. Sy fertrekke om 13.00 út Easterein. Wy hawwe it foar de wissichheid noch efkes neifrege by leider Floris Hiemstra, mar sy geane net op de fyts.
Jimbar
Snein is it slot fan de Eredivisie. In soad Ajax-supporters hawwe der noch alle fertrouen yn dat Ajax kampioen wurdt. Ek binne der in hiel soad dy ’t FC Twente de titel gunne. Spesjaal foar beide groepen is de Jimbar sneintemiddei iepen om alles live folgje te kinnen op it grutte skerm. Neffens ús bronnen sil Wybren de toko 14.00 iependwaan.
Wat seist?
Hjirûnder in foto fan Mark Postma yn de earmen fan Skelte Anema(of is it oarsom?). Wat sizze sy tsjinelkoar? Mail it nei info@vv-sds.nl. De leuksten komme yn de folgende Treffer:
Mark: “Skelte hâldt my asjeblyft beet, want ik flean dy grutte fint oan, echt wier”
Foto Henk Bootsma.
Harsens derby (205)
Ek wy hienen leaver Barcelona as Inter Milan yn de finale fan de Champions League. It fuotbaljen fan Inter is net om oan te sjen en as it ek mar heal kin dan smare se je in kaart oan. Dy Busquets fan Barcelona koe der oars ek wol wat fan:
Harsens derby (206)
Spesjaal foar Keninginnedei hjoed efkes in twaddehâns “Harsens derby” út de âlde doaze. As wy de keeper fan Bayern München, Hans Jörg Butt (yn Ingelân nimme se him Hans Jörg Ass….) sjogge dan moatte wy altiten oan dit slipperke fan him tinke:
Hy bliuwt machtich……………
Letter miskien wol mear!