Weppers tongersdei 1-5

Keninginneweppers!
30 april 2008
Neikompetysje SDS 1 en 2
30 april 2008

Wol of net in bus
De oprop om je op te jaan foar de bus, like oan it begjin fan de wike noch net sa’n grut sukses. Wij binne benijd at er ek in bus riidt nei Delfzijl.

Net in bus
Helaas. We kinne de bus net fol krije. Allinne de foarste bank kinne we besette. Mei de sjauffeur der by hawwe trije man hun opjûn.

Oebele.

Benijd
Fedde Wiersma frege dizze wike oandacht foar it damjen Frysk spul. Hij soe mei syn klup in demonstraasje jaan oan oan de prinsen en prinsessen. En fansels oan de keningin. Wij seagen Fedde op tv efkes praten mei Beatrix en wij binne benijd wat se frege. Wij hawwe wol in idee: “Is Stoffel der ek”?

C1 op wei nei….
Dinsdagavond 6 mei speelt SDS C1 om 19.00 uur de uitwedstrijd tegen IJVC C1. Deze stond gepland voor a.s zaterdag 3 mei, maar is dus verplaatst.
Vertrek is om 18.00 uur, dan op naar sportcomplex de Utherne aan de Dassenboarch in IJlst…
Bij winst is het kampioenschap in de 3e klasse een feit. Indien er verloren wordt, of gelijkgespeeld, dan moet de thuiswedstrijd tegen RES C1 op dinsdagavond 10 mei gewonnen worden om kampioen te worden. Het lijkt PSV wel…..
Gezien de belangen is een grote opkomst van supporters welkom. We hebben ook concurrentie van SDS 1, dat die avond thuisspeelt in de nakompetitie tegen de jongens van een drukkerij…..
Ab

Slotdei D, E en F pupillen
Op freed 16 maaie is der foar de jeugd in ôfsluting fan it seizoen. Fansels bart dat op sportive wize.
Om 16.00 begjint it en om 19.00 is it wer dien. Yn dy trije oeren is der in spullensirkwi en wurdt der wer striden om de penaltybokaal. En fansels is der patat en drinken.

Moaie nammen
Wij sjogge no al út nei nije wike tiisdei at Eems Boys nei Easterein komt. Wij binne benijd at Enne Bruinsma goed oefene hat op it útsprekken fan in oantal echte Delfzijlse nammen:
12 Mambo Watilongo Mulambo
17 Ömer Tekinbas
20 Ticho Emerencia
Of giet Enne sneon mei nei Delfzijl ta om yn it echt te hearen hoe’t se dêr útsprekke.

Gjin geheimen
De seleksje fan Eems Boys hat gjin geheimen mear fan ús. Dus ek net mear foar de trainer fan SDS. Sjoch
hjir foar de kwaliteiten fan al dy earste seleksje spilers.

VI-kwis
De VI hat wer in aardige kwis makke om al dizze frije tiid troch te kommen(klik hjir).

Truukje(7)
As de trainers fan SDS 1 en 2 der foar soargje dat harren spilers dit truukje foar sneon hielendal ûnder de knibbel hawwe, dan komt it hielendal goed yn de neikompetysje.