Jûn start WK

Weppers snein 3-6
3 juni 2012
Weppers moandei 4-6
4 juni 2012

Iepening Wommelser Kampioenskip(WK) 2012

Eale freonen fan it WK,


Sorry! Sorry is miskien it goeie wurd om fan start te gean mei de iepening fan ús seizoen. Wer foarich jier de “Gaps” ticht wienen en de “Bar” op in respektyflik heech nivo lei, hawwe wy it mentale gedielte fersljurken litten. Resultante fan ús Bootcamp waard al snel dúdlik op de fjilden fan SDS; Teams die oerrûn fan klasse en talint mar de nocht om te baljen wie der meastentiids net. It 1e hat, ten tiden fan skriuwen, muoite om yn de 2e klasse te bliuwen. Derneist is it 2e fan SDS bonkehurd degradearje fanút de reserve 1e klasse, hie it 3e de earste seizoenhelte mear fan de fûgelwacht dan fan in fuotbalteam, hat it 4e knap meidiend om de plakken 12 en 13 en hat it 5e sich foar de feroaring wer útskriuwen litten.

De reade trie yn it ferhaal is dat wannear de kopkes goed stienen, de motivaasje der wie, “it Woanskip” foar de wedstriid spile waard en de gehakballen foar 11:34 draait wienen dat der oer it algemien ek wûn waard. Tsjin eltse tsjinstander dan wol te ferstean.

Wy as WK bestjoer, fiele ús roppen om ynfolling te jaan oan de earste twa punten. It tema fan dit jier is dan ek; “Mind over Body”. De mind sil sa traint wurde dat op mominten dat de body net wol dat der dôchs troch wit te setten. Derneist sil eltsenien persoanlike oandacht krije om in bepaalde “mental fitness”te kreëarjen foar de wedstriid. Dizze mental fitness soarget derfoar dat jo daliks skerp en entûsjast oan de wedstriid begjinne, ûngeacht wat jo de jûns derfoar dien hawwe.

Neist it bepalen fan it tema binne der mear punten behandelt yn de jierfergadering fan it WK. Ien fan die punten is dat in protte WK-gongers harren soargen útsprekke oer de grutte opkomst bij de WK’s. De goals binne te lyts en it is faak muoilik om te sjen wa bij wa heart. Nei in brainstormsessie binne der meardere oplossingen út de bus kaam roljen;

– Fuotbalje op de fjilden fan de SDS mei harren fasiliteiten

– In grutte stiper sykje om sa in lap lân te keapjen en in stadion te bouwen

– It Mulhûs slopen om sa parkearplakken del te lizzen sadat de jumbo-besikers op histoaryske grûn parkeare kinne.

Sa as jim sjen kinne binne der út de brainstormsessie allinnich mar ûnrealistyske opsjes kaam.

Der wurd mei in grutte opkomst keazen om de partijen op te splitsen om it sa oersichtlik te hâlden. Hesjes binne yn bestelling om it noch oersichtliker te meitsjen.

Graach woenen wij op moandei 4 juny 19:30 wer los gean mei it WK 2012. It WK bestjoer hat der foar keazen om de tradisjonele dagen moandei en tongersdei oan te hâlden.

Wy as WK bestjoer hopen wer op learsaam en plezierich seizoen.

Út namme fan it WK Bestjoer,

Stat. Dir. Acb. Rt. Etc.

H.K. Engbrenghof

&

Ing. Doc. And. Gen.

A.F. de Boer