Weppers woansdei 6-1

Foarrondes Midwintercup
5 januari 2010
Jûn SDS yn Midwintercup
6 januari 2010

Gjin snertrin

Beste minsken

It muoit us tige mar we hawwe beslúte moatten om de snertdravery foarofgeand oan de nyjiersresepsje sneon net troch gean te litten. It parkoers lit it net ta om hjir op in ferantwurde manier oer hinne te draven. De foarútsichten binne ek sadanich dat wy tinke dat der foar sneon gjin ferbettering yn de situaasje optrede sil.

De resepsje gjit fansels wol troch. Jim wurde dan ek allegearre oankommende sneon fanôf  fjouwer oere ferwachte op de Skoalleseize. Under it genot fan in drankje en my musyk fan DJ Jan Bouke Bouma kinne we efkes noflik sitte. 

nammens de aktiviteitenkommisje en it bestjoer fan SDS,

Oebele


Giet net troch
De sealfuotballers fan SDS 1 soenen jûn thús sealfuotbalje moatte tsjin Workum 1. Dizze wedstryd giet net troch. Wêrom is ús net bekend.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Der wurdt jûn noch wol fuotballe yn Easterein. SDS 2 sil it om 21.30 opnimme tsjin FFS 2.

Nijjierstoernoai jeugd
Ôfrûne sneon wie it nijjierssealtoernoai foar de D-, E- en F-pupillen yn de sporthal yn Easterein. Hjirûnder wat foto’s fan Rudy Dykstra:

Earst by Jan-Bouke heare by wa ’t je sitte fansels.


Foar Jan Sytsma makke it neat út by wa ’t dy siet, want hy socht dochs syn fertroude plak tusken de pealen op.


Dizze poeier op de goal kin de keeper (noch) net ymponeare.
Zaterdag  2 januari.nieuwjaarstoernooi
Afgelopen zaterdag was het weer zover, het nieuwjaarstoernooi in de zaal was een groot succes, mede ook door alle ouders die er waren en ze aanmoedigden, graag wil ik iedereen even bedanken die hier aan mee heeft geholpen deze dag, anders was dit niet mogelijk geweest. 
groeten  JC

Sealtrainen jeugd
zaterdag  9 januari is er voor de D pupillen greidhoeketraining, het begint om 9 uur dus aanwezig 8:45 zijn.
Wat staat er nog verder op het programma?
23 januari is er voor de F pupillen greidhoeketraining, voor de tweede en laatste keer.
voor de E pupillen is er op 6 februari nog een greidhoeketraining , de laatste keer.
En de laatste training is voor de D pupillen op 20 februari, dit even ter herinnering van het gebeuren in de zaal. 
groet jan bouke

Harsens derby (104)
Yn Ingelân hawwe sy lyk yn it earste wykein dat der wer fuotballe wurdt lyk de moaiste goal fan it seizoen al makke: