Efkes in buike

Weppers freed 18-6-2021
18 juni 2021
Stân SDS EK-League 19 juny
19 juni 2021

Dat moat in moaie tiid west ha.
Froeger.

Je hiene de Enkhuzer Almanak en dan wisten je genôch fan it waar.
Yn desimber seagen je him efkes troch en dan wisten je it wol.
“Is juni nat en guur, dan wordt alles slecht en duur”
Je hiene ek je eigen eagen.
Dat wie noch better.
Mar doe kaam waarman Piet: Hij fertelt ús wannear wij de autoruten skrabje moatte, wannear wij de paraplu meinimme moatte, wannear wij ús ynsmarre moatte, dat wij binnen sitte moatte of yn it skaad en at de barbekjoe wer oan kin.
Ut dy oanwizigingen helje wij dat it winter is, dat it te waarm is, dat it reint en dat wij sin yn fleis ha.
Yn 2006 binne dêr de bruorren Rijkaart.
Sij betochten Buienradar en wij koene ús sels hielendal rêde. Sij woene harren namme ear oan dwaan en ferkochten de boel.
De kommersjelen gyngen der mei fan troch en der  kaam in smog-, in migge-, in polle-, in ûnwaar-, in snie- , in sinne– en ik sjoch no ek noch in barbekjoerader stean.
In bytsje te folle fan it goeie dat kin dus net allegear goed gean.
It is de deastek foar de eardere reedlik betroubere buienrader.
Je kinne der no hielendal neat mear mei. Neat…..

Efkes Balje op freedtejûn, dat dogge wij om 19.30 oere.
Om 18.00 oere in blik op Buienrader, want it is wat ûnlijich yn it lân en der is wer in koade aktyf
In (reade) bui is 20.15 bij it sportfjild yn Wommels.
Begjinne om 19.00 liket in goed idee (leve de whatsapp)

Om 18.30 oere wer in blik op Buienradar: It sebeare buike is 19.10 foarbij en fierders liket it skjin foar it sportfjild yn Wommels.
Begjinne op de gewoane tiid liket in goed idee (leve Whatsapp)
Om 19.00 oere stean de earsten klear (dat stomme whatsapp ek en at je der net alle 5 minuten op sjogge (Syb en Kerst).
Om 19.20 oere binne der al 7 en dy sjogge mei eigen eagen dat de loft swart is fanút de Súdhoeke.
Dan komt Klaas oan riden en hij hat de wjerljocht suver al yn de eagen.

“Ien bak wetter fan 2 oeren lang en allegear ûnwaar”,  kin hij noch krekt útbringe
Twa minuten letter fiele wij de earste dripkes net, want it batst der yn ien kear út.

Yn de auto (Klaas) of op de fyts (Aant)  – Lieuwe is de bocht al om – en yn de heechste fersnelling (Aant) nei hûs. Johan fangt de bruorren Vellinga noch efkes op dy’t ek allinne mar dweiltroch wiet wurden binne, foardat se it fjild berikke koene.
At Menno wat hurd rûn is, koe dy moai op tiid ûnder in moaie sels oanleine oerkapping nei de bui sjen
Allegear dweiltrochwiet en net fan it swit.

Foar Kerst wiene de apels wol hiel soer, hij kaam foar neat op de fyts út Reahûs en woe ek werom fytse. Tink net dat hij droech oerkommen is.
Aant