Heech nivo op WK finale

Jûn de WK-finale!!
4 augustus 2008
Weppers tiisdei 5-8
5 augustus 2008

Lêste WK fan heech nivo
Wommels, 4 augustus 2008
Dat wie it plak en dat wie de dei, dat de finale fan it WK holden waard. In tige bysûnder WK.
Se wiene oeral wer weikommen, fan Fyns (trije Posthumussen, twa Haitsma’s en in Wariman) , van de Van Sminealeane (in Hofstra, in Ruiter en in Postma) fan de Roede (2 Postma’s) út it Bosk ( in Engbrenghof), út Grins (Adema) , fan de Terp (de Boer), fan Swingoerd (Hofstra), fan de dr. Sipke (Dijkstra) en fan Wommels East (Stenekes)

Der wie in grutte opkomst en fansels woe elkenien  (op de fotomakker nei) wol op de foto.


Andries Wiersma, de fytsende brânwarman hie posysje keazen bij de feart. Yn it gefal de gemoederen wat te ferhit reitsje soene koe hij blusse.

Sûnt Erik Haitsma yn ien wykein twa kear in priis wûn hat wol hij net mei elkenien mear op de groepsfoto.

It Wk ferrûn spektakulair. Ploech gekleurd  kaam mei 3-0 efter mar kaam sterk werom. It waard 4-3.  Ploech swart woe nei in oar fjild om de kânsen te fergrutsjen.


Op nei de Terp. No mei in hobbelige ûndergrûn, grutte gatten, mear publyk , in fjild dat rûn is en …. gruttere goals.

Foar Jakob, dy’t syn wanten fergetten wie, wie der no hielendal gjin hâlden mear oan. Oan alle kanten skeaten de gekleurden Mark, Gerlof, Gearard, Eeltsje, Aant, Ate Feike, Jelmer en Arjan hurd tsjin it gaas. It waar in eklatante (moai Frysk wurd yn dit gefal) oerwinning.

It pyblyk stie op de banken en sij woene it winnende doel sjen. Fansels mochten Henk, Hendrik, Jan, Kees, Erik, Jakob, Ralph en Rudy dy meitsje.

En nei ôfrin wie der in bierke, beskikber steld troch Jelmer.