Weppers tiisdei 5-8

Heech nivo op WK finale
4 augustus 2008
Weppers tongersdei 6-8
5 augustus 2008

Harm Abma foar SDS 3
Harm Abma is werom by SDS. Hy sil kommend seizoen SDS 3 traine. Super!!
Hy hat ek al in tariedingsprogramma ynelkoar draait foar de C-seleksje. Sy sille woansdei 13 augustus begjinne. It folledige programma kinnne jim hjir letter fan ‘e wike besjen.

Oproep voor twee scheidsrechters in de E’s
Fan wedstrydsikretaris André Vink krigen wij in oprop: 
Voor de E3 (9:00) en de E5 (10:10) zoek ik nog een scheidsrechter,
Heb je zin, om s’ morgens alvast iets aan je warming-up te doen, of gezellig met de aanstormende jeugd bezig te zijn. Geef je dan op. Je fluit 1 keer in de veertien dagen.
Verder info kan je krijgen bij Andre Vink tel: 333134 of via de email
famviea@hetnet.nl
Alvast bedankt.

De Freule
Mei tank oan in ynmiddels eks-SDS’er(Thomas van der Meer) hawwe Tom en Pieter no alwer nocht yn de Freule fan moarn; “Heity, giet der dan ek wer ien yn de bleate kûnt oer it fjild?”

1e training(1)
De A-seleksje fan SDS hat jûn syn earste training. Sy traine fan 19.00 – 20.30. It sil ús benije wat trainer Dick Schuurman foar de mannen yn petto hat.

1e training(2)
De spilers fan SDS 2 geane tongersdei foar it earst los. Om 20.15 kinne sy kennis meitsje mei harren “nije” trainer Klaas Okkema. Klik
hjir foar it hiele tariedingsskema.

WK-finale
Justerjûn wie de WK-finale. En wat foar in finale. Jim kinne der hjir alles oer fine(klik
hjir)!

De WK-teams fan juster.

Stoppet(1)
Wesley Hoitinge hat oanjûn te stopjen mei fuotbaljen en hat spitich genôch syn lidmaatskip opjûn.

Stoppet(2)
Spitich genôch stoppet der ek ien by de froulju. Yldau Wiersma is kommend seizoen net te bewûnderjen by de SDS-froulju yn de kompetysje.

Freulenacht


Weppers woansdei 6-8
Wy ferwachtsje hjir moarn gjin weppers. It wurdt fiersten te waarm…..