Gearfetting ledengearkomst SDS

SDS JO15-2 fiert feest!
23 mei 2022
SDS JO8-2 wint derby!
24 mei 2022


Ofrûne woansdei wie de útstelde ledengearkomst fan SDS fan ôfrûne novimber en gie dêrby meast oer it Koronajier en kwa begrutting oer it seizoen wat no al hast ten ein is.
Hjirûnder in lytse gearfetting:

– Tjerk van der Pol hat ôfskie nommen as jeugdfoarsitter. SDS is noch op syk nei in nije jeugdfoarsitter
– Catharina Postma hat de taken oernaam fan Anco Elgerma wat de ledenadministraasje oanbelanget
– Henk Postma is op ‘e nij beneamd as ponghâlder
– Syb Overal is op ‘e nij beneamd as wedstriidsekretaris
– Marco Groothof is op ‘e nij beneamd en bliuwt ferantwurdlijk foar de materialen
– Willem Wijnia hat oanjûn yn novimber syn foarsittershammer nei 8 jier del te lizzen.

– De kontribúsje bliuwt gelyk. Op de ledengearkomst yn novimber wurdt dit op ‘e nij besjoen.
– De kontribúsje foar 7-tsjin7-baljen wurdt fêststeld op €25,- per heal jier.
– De kontribúsje foar de seal wudrt foar leden dy ’t op it fjild lid binne fergees. Wol mei de maks. fan twa sealteams.
– De boekhâlding seach der prima út
– MUTA hat in nije websjop foar SDS makke. In persentaasje fan it bedrach oan SDS-spullen dy’t hjir op ferkocht wurde giet nei SDS. Neist SDS-spullen kin hjir ek oar fuotbalguod besteld wurde mei 25% koarting.
Fan de ôfrûne 3 jier hat SDS noch sa ’n €1500,- bard fan MUTA
– De foarried oan âlde SDS-klean is noch te keap en wurdt efentueel in oare bestimming foar socht.
– Gjin seizoensôfslúting dit jier y.f.m. de ferskeidene data fan ôfslúten fan it seizoen fan ferskeidene teams. Mei it jubileumfeest op freed 2 en 3 septimber ferwachtsje wy elkenien del te kommen.

– Der binne mooglikheden om Sportlink fierder út te breiden binnen SDS, mar hjir binne de kosten aardich heech foar. It bestjoer sil nochris besjen om hjir efentueel dochss wat yn te dwaan.
– It soe moai wêze as de lieders en trainers nei de wedstriden en de trainingen it spul wer wat better opromje soenen
– Der wurdt nei in oplossing socht foar de slotsjes fan de ballenkasten
– SDS 2 is der tige wiis mei dat der in trainer fûn is foar folgend seizoen
– SDS is dwaande mei in pannakoai en hat de gemeente frege as hy efter it kassahokje komme mei, sadat der fanôf de dyk ynkommen wurde kin.

It SDS-bestjoer

It folledige ferslach kin opfrege wurde by ús skriuwster Tryntsje Bouma (tryntsjebouma@gmail.com)