Futsal: SDS wint drege pot.

Wepperkes
16 februari 2004
Wepperkes
17 februari 2004

SDS 1 hat fannejûn mei 4-3 wûn fan RES. De wedstriid wie it besjen wol wurdich. It wie tige spannend en it koe alle kanten op. Hielendal doe ’t RES mei 3-1 foar kaam.

SDS wist wat him te wachtsjen stie yn Boalsert. De wedstriden tsjin RES binne altiten dreech en no hielendal nei de lêste wedstriid tsjin RES yn it FEC. RES woe dan ek per sé winne. SDS kontroleare it begjin fan ‘e wedstriid en krige lytse kânsen. De keeper fan RES wie allinne wer net te ferslaan. RES kaam sels foar nei sa ’n 10 minuten, ûndanks de bettere kânsen foar SDS. Doe ’t der by RES ien útstjoerd waard krige SDS wat romte en makke troch Robert de 1-1. Dit wie ek de rêststân.

De twadde helte soe SDS it wol efkes ôfmeitsje. Dit pakte alline wat oars út. RES begie noch skerper oan de twadde helte en makke lyk de 2-1 en 3-1. It like dien foar SDS. Lytse irritaasjes ûnderling kaam it spul net ta goede. Dochs makke Peter de 3-2 en RES wie der efkes ôf. Robert profiteare hjir lyk fan en makke de 3-3. No like RES ryp foar de slacht en SDS krige dan ek wol kânsen. De keeper fan RES wist allinne net fan wiken. SDS bleaun syn spultsje spyljen. Sa ’n 5 minuten foar tiid kaam SDS dan eindliks foar. Feite spile Willem yn en dy koe de 4-3 binnensjitte. SDS bleaun rêstich en spile de wedstriid netsjes út.

SDS hat noch fjouwer wedstriden te gean. Folgende wike binne sy sa at it no stiet frij. De wyks derop moatte sy thús tsjin Renado.

Mei tank oan ‘e supporters yn Boalsert; Klaas O., Lolke, Anne B., Auke Hunter en Leendert fansels.

Hjir de minsken dy ’t oan ’t no ta de doelpunten makke hawwe foar SDS 1: Doelpunten SDS1

Hjir stean alle wedstriidferslagen nochris; wedstriidferslagen SDS 1