Wepperkes

Futsal: SDS wint drege pot.
17 februari 2004
Net ferjitte!
18 februari 2004

Wer fit
Wy kinne melde dat de blessure fan Wichard Deinum mei liket te fallen. Hy hat juster by de fysiotherapeut west en dy wie aardich posityf. Wichard soe probearje om fannejûn wer mei de groep mei te trainen en tinkt sneon ek wol wer fit te wêzen.

Blesseard?
Wy hawwe berjochten heard dat ôfrûne sneon Tseard Halbersma ek útfallen is mei in seare tomme. Wat de fysiotherapeut hjir fan sein hat witte wy noch net. Wy witte ek noch net wat de fysio fan Anne Stenekes syn ankel sein hat.

Oefenje
SDS D1 sil wer ris besykje om te oefenjen. Sneon sille sy besykje om út tsjin IJVC te oefenjen at it waar it no wolris ta lit.

Sneins
Wat moat je sneins no útfrette at it krekt Falentynsdei west hat en je noch altiten sneins allinne sitte. Fansels sykje wat maten op en gean je der op út. Ek by SDS binne der sokke jongkeardels en oansjoen der ek fêst wol wat losse jongfamen binne kinne sy hjir sjen wat dizze jonges sa al dogge op snein.(Druk op hjir en sykje nei snein 15 febrewaris)

De earste foto’s
Oansjoen wy altiten foar de primeurs geane hawwe wy ek dit kear wer in primeur. Hjir de earste foto’s fan it kommende EK.

Bron: Johan de Graaf