Wepperkes

SDS 2 wint derby
15 februari 2004
Futsal: SDS wint drege pot.
17 februari 2004

Oefenje
SDS 5 oefent woansdeitejûn tsjin Noardburgum. Dizze wedstriid wurdt spile yn Noardburgum by kuenstljocht.

Beker
It is no eindliks dúdlik. SDS 2 bekert sneon 6 maart thús tsjin it 2e fan Blauw-Wit ’34 út Ljouwert.

Blessures
By SDS 1 is Wichard Deinum sneon blesseare rekke oan ‘e knibbel. Wy hoopje dat hy wer wat oan ‘e betterende hân is. Lykas Anne Stenekes. Hy hie de pech dat hy lykas as inkelde wiken werom wer troch syn ankel gien is. Beide betterskip tawinske en wy heare graach hoe at it mei jimme giet.

Pieter Pindakaas
SDS 4 probearet it de twadde helte oer in oare boeg te smiten. Lieder Evert Tanja hat fan alles betocht om de tsjinstanners te imponearjen. Ien ekspiriment is útlekt nei de redaksje fan de Treffer en wy woenen it jimme net ûnthâlde.

Kom dizze lêste man mar ris foarby!!