Futsal: SDS 1 noch gjin kampioen.

SDS League: Fjoer en Wetter wer boppe oan.
3 maart 2004
Mei de bus nei Urk!
4 maart 2004

SDS 1 is juster noch net kampioen wurden yn de 2e klasse. Foar de wedstriid die bliken dat konkurrint WZS mei 5-3 wûn hie fan RES. Dit wie genôch om it feestje net trochgean te litten.

De wedstriid tsjin Renado moast fansels al “gewoan” wûn wurde. It die al gau bliken dat SDS dúdlik de bettere ploech wie. Dochs moast it publyk lang wachtsje op de 1-0. Dizze foel pas nei sa’n 10 minuten, nei al ferskeidene ballen sjoen te hawwen dy ’t der op ûnferklearbere wize net yn gienen. Hjirnei waard it al gau 2-0. It waard efkes spannend by 2-1, mar dernei wie de wedstriid spile. SDS spile de wedstriid rêstich út. Inkele skitterende oanfallen wienen der te sjen, mar ek inkele stomme foutsjes. SDS wûn mei 10-3.

Folgende wike moat SDS 1 nei Urk. At SDS dêr wint dan binne sy seker fan ‘e titel. Wy woenen der dan ek mar mei in grutte bus hinne. Jimme kinne letter hjoed alles der oer lêze.

Doelpunten:
Peter 3
Harm 1
Feite 1
Anne 1
Tsjipke 2
Willem 2