SDS League: Fjoer en Wetter wer boppe oan.

Nijste wepperkes
3 maart 2004
Futsal: SDS 1 noch gjin kampioen.
4 maart 2004

Nei in heal seizoen sûnder Wetter hat Fjoer it dan eindliks wer rêden. “Fjoer en Wetter wer together”(W. en motor A.D.) stean wer boppe-oan. Dochs wie dizze wike de grutte winner, ús masterkok; Kapitein fan H.P. Hy hat lang yn syn team omrieden mar hat úteinliks de júste gearstalling fûn. Hy pakt dizze wike de wykskore en giet fan it 13e nei it 2e plak.

Noch ien dy ’t it knap die fan ‘e wike wie Harm Stremler. No at hy wat minder op penaltys oefent hat hy wat mear tiid foar de SDS League. It pakt dizze wike knap út. Hy giet mei gang fan 48 nei 7.

Robert Hoekstra like nei ien wike al sûnder kâns mei syn 75e plak. Wy binne noch mar in wike fierder en it liket al wer hiel oars. Hy giet fan 75 nei 25.

At der ploegen binne dy mei gang nei de top komme, dan binne der ek teams dy de reis de oare kant opmeitsje. Sjoch “De Voortzetting” fan S.K.O. Hy giet fan 11 nei 52. Wy hâlde it der mar op dat hy it te drok hat mei de Slachtemarathon, syn keatstrainers-cursus en fansels syn befaamde Moorkoppen.

Sy pakte de foariche edysje noch de l&este wykpriis mar stiet no &underoan: FC Pinky fan RJ út Ljouwert.

Hjir de nije st&an fan de SDS League: wike 2.