Freed 17 novimber Simon Kistemaker op sponserjûn

Weppers moandei 13-11-2017
13 november 2017
Weppers woansdei 15-11
15 november 2017

Kommende freed 17 novimber komt ‘de lêste kulttrainer fan Nederlân’, Simon Kistemaker, by ús op besite. Ferline jier waard syn biografie noch útroppen tot beste sportboek fan Nederlân. Simon Kistemaker wie fuotbaltrainer yn de jierren 80 en 90 by ûnder oaren Volendam, Cambuur, DS’79, De Graafschap en Telstar. Yn dy jierren waard hy bekend om syn eigensinnige oanpak. Kistemaker wurdt faak neamd yn in rijtsje kulttrainers; Fritz Korbach, Frans Körver en Bert Jacobs.

Alle sponsers en Freonen fan SDS binne útnoege foar dizze no al legendaryske jûn!
Sponsers en Freonen dy ’t harren net opjûn hawwe binne ek fan herte wolkom.
Elkenien mei ien yntroducé meinimme en de kofje mei gebak is fergees.
Nei de tiid de earste twa slokjes ek!
Oant freed!

Simon Kistemaker yn syn Australyske perioade mei George Best

Simon Kistemaker mei dy oare ikoan fan de Achterhoek; Bennie Jolink.

Simon Kistemaker mei syn frou yn 2014 by Telstar – De Graafschap wêr Kistemaker de ôftraap nimme mocht.