WK 18 july 2016
18 juli 2016Weppers tongersdei 21-7
21 juli 2016Fannejûn alwer in Wommelser Kampioenskip!
It makket net út hoe waarm it is, der moat balle wurde. It makket yn safiere wat út dat inkelden al wat letter komme om ’t sy krekt fan it strân ôfrûgele binne. Dit kear net mei sân tusken de naad, mar algen, sadat it allegear wat makkelijker glidet…….
Team giel:
Hendrik E., Elger, Jacob-Klaas, Lourens, Gerlof-Jan en Redmer.
Team AA (Ajax/Argentinië):
Hendrik de J., Bote, Sytse, Johan, Wiebe en Willem.
It wie team giel dat knap út de startblokken foel….. Binnen 10 minuten al mei 5-1 efter. Sy kamen al knap werom oan ’t in foarsprong fan 6-5, mar nei in licht touché mei de bal fan Elger syn “helmgêrs” wie it dien mei team giel en ferlearen sy de partij kansleas mei 13-7 of sa. Ek de winnende goal wie net foar team giel.
Reaksjes nei ôfrin:
Elger: “Myn hiele simmer is nei de kloaten…………”
Hendrik E: “Ik bin hielendal klear foar it nije seizoen”.
Jacob-Klaas: “Ik helje moarn twa pear nije skuon”.
Gerlof-Jan: “Ik haw wol twa kear op de grutte goal skoord!”
Redmer: “It nivo yn Boalsert leit heger……. fan it praat wolteferstean….”
Hendrik de J: “Elger hat no twa kear genietsje kinnen fan it iten”
Bote: “Ik bin net yn it wetter fallen…….”
Sytse: “Wûn! Mei tank oan de bank”
Johan: “Terp is zo k”
Wiebe: “Wy moatte it fjild ferhiere!”
Lourens: “Do bist in échte economist, Wiebe”
Willem: “De Jong Feintepartij? Is Theo de Jong dêr de haadstiper”
Ralph: “It is my te waarm”
Moandeitejûn wer in WK!
19.30 oere op it skopfjild yn Wommels.
It nivo wurdt hieltiten heger………… of de temperatuer!
8 augustus WK-finale op de Terp!