Ferslach SDS-slotdei

Stân SDS EK-League 14 juny 2021
14 juni 2021
Stân SDS EK league 15 juny
15 juni 2021

Wat ha we in prachtige dei hân!
90 jeugdleden, 30 frywilligers en de sinne soargen foar in sfeer die we lang net meimakke ha op de Skoalleseize. De dei begûn mei de sponsorrin. Starter Klaas Overal makke de einstân fan de opbrinst bekind: Op syn boerd stie 2000 euro, mar it is uteinlijk 2350 euro wurden. As jeugdkommisje bin we hjir tyge wiis mei!! Storm Tak (jo10) en Mika de Jong krigen in echt Orânje shirt. Sy hiene beide safolle sponsors regele dat de kommisje it net mear as terjochte fûn om dat efkes te beleanjen. We keapje moaie trainingsspullen foar it bedrach.
Dernei folge de start troch Klaas Overal en dêr fleagen de bern hinne. Dwers troch Easterein.

Doe starten de fuotbalspultsjes. By de penaltybokaal koene je de spanning fiele. Uteinlyk wie de Luuk Meijer de skutter fan it jier. Hy mei de bokaal in jier lang op syn nachtkastje ha. Luuk Meijer jo15 wint penaltybokaal, Mark Hoekstra by de jo10-11, Jelke Sijbesma by de jo8-9 en Syan Bults by de minileague. Luuk skeat alles rekke by Mark yn de finale!


Sven de Haan, haadpriis ferlotting: 3x les by PH sports

winnaars Dikke Bertha hurdsjitten:

Jo12-15/mo17 Jelle Vellinga 83 km-u!!!

Jo8-9 Jens Steehouwer 67 km-u!!
Mini league Syan Bults 52 km-u ( mar je kin mei de slotdei max 1x priis winne, dus..)

Dorian Tacoma 43 km-u!!

jo10-11 Sjoerd Breeuwsma 68 km-u

Nei alle spultsjes en de tradisjonele patat folge noch de priisutrikking en de ferlotting. Hjirnei krych eltsenien in moaie herinnering en gie neffens us tefreden nei hûs.

De jeugdkommisje wol elkenien dy’t meiholpen hat, hjirby nochris fan herte tankje foar jim ynset. It wie top!

Moai wi ek dat de nye jeugdkommisje leden Dirk de Jong, Pieter Kamstra, Christine van der Valk en Anno Feenstra alfêst mei de âlde rotten yn dit fak meiseagen, dus we kin alfêst oankondigje dat we utsjogge nei de slotdei fan takom jier!!

Groetnis Marjo, Lize, Anneke en Tjerk