Ferslach SDS 4 (1)

SDS-sjaal om graach!
7 januari 2004
Oefenprogramma SDS 2
8 januari 2004

De kommende trije dagen kinne jim in ferslach lêze fan ús korrespondinten  fan SDS 4 Evert en Dieuwke. It is seker de muoite wurdich om te lêzen

SDS 4 helpt Nijlân yn it sadel

Op 2 novimber moasten we oantrede tsjin it tredde alvetal fan Nijlân, It waard gjin betide Sinterklaas. We waarden mei 0-5 fan é matte ôspile. We gongen ynearsten mei de Foppe de Haan benadering, dat wol sizze: at de tsjinstanner boppe jo op é ranglist stiet, dan meie je hjir best fan ferlieze, In kertier foar oanfang hawwe we de lêste Treffer by de hân naam en konstateare dat Nijlân wol wat punten brûke koe om it kampioenskip op é klaai te hâlden. We hawwe doe ek mar efkes om hun doelsaldo tocht.

Ek waard ik, Evert, de tongersdei foar de wedstriid benadere troch Rinse van Beem, heit fan ús aktyf lid Sjoerd. Rinse hie yn ’t Treffer lêzen dat ik ek oan Berneopfang die. It gefal wie dat hy de sneons oan wie mei Sjoerd, dat Sjoerd hat in fluitsje yn é mûle krigen en der 90 minuten moai mei boarte. Sa sloegen wy yn dizze djoere tiden, twa miggen yn ien klap. Sjoerd bedankt foar it fluitsjen en Bertus bedankt foar it baljen.