Ferslach liftwedstryd

De alderlêste wepperkes fan 2007
31 december 2006
Wepperkes -woansdei-
2 januari 2007

Fan Wommels nei Bell Ill en mêr
Om goed 13.00 oere is de 6de liftwedstryd fan start gien bij Jim bar yn Wommels. It beloofd in spannende striid te wurden want nimmen wol as lêste oankomme want foar de 18 dielnimmers binne der mar 16 bêden. Selden hawwe de tarissingen sa serieus west.
Lang om let is men it ek noch iens wurden oer it finishplak: net bij de boat mar bij de jongereinherberch. Wij sogge dêrtroch grutte kânsen foar ús SDS team mei twa SDS 3 middenfjilders dy’t beide in kondysje hawwe as in OostDútser.

.
Wij hoopje de wedstryd “ferslaan” te kinnen fia sms-kes, mailtsjes en oare nijtsjes. Hawwe jim wat (leuks) te melden oer de lifters dan kin dat op maild wurde nei  
dit adres. 

Wolle jim noch wat witte oer de reis en it reisdoel, sjoch dan hjir.
Wolle jim wat mear witte oer de dielnimmers, sjoch dan
hjir.
En wolle jim Sibe de Seefûgel syn muzikale dream lêze sjoch dan hjir.

Wij winskje alle dielnimmers in geweldige en suksesfolle reis mei in goed weromkommen yn Wommels.

11.50 Meel-Berjocht fan Teade de Boer
De lêste en earste lifttariedings…
Sa’n goed oere foar dat de Jimbar de doarren iepen docht, gean myn eagen iepen. Wat klean byinoar garje, stikje bôle smarre. In lyts katerke dat heart der ek al jierren by op dizze liftdei. As lêste noch efkes de eardopkes pakke en de thermosokken oan. Dan stappe jo de doar út en slaat de skrik om it hert, wêr is myn paspoort???
No de earste dy ik oansjit is Mem, wêr het Mem myn Paspoort bewarre? Ek Mem het gjin idee, thús bliuwe? Lokkich sit der ek noch in grutte broer yn de keamer, dy yn it ferline ek al ris mei liften het en dy seit fan; “Nim myn paspoort mar mei, makket neat út je.” Weinich keus, ik gean op paad mei is ID-bewiis fan Ate, no mar der fanút gean dat de mannen op de grins ek in swiere âldjiersnacht han ha…
Groetnis TdB
 
Sykje de 8 ferskillen

Start


Wij hawwe begrepen dat Jan syn dochter net meinommen  hat, mar ………..wij witte dat net seker.

De wedstryd

13.40 berjocht fan Wybren en Namkje

Yes,! Lift rjochting Eindhoven.

13.42 Sjoukje en Tsjeard

Wij binne
ús Heitelân út.

13.44 Susanne en Niels
Team Suus en Niels is onderweg. Lift richting Heerenveen. Bij het zien van de eerste regendruppels kregen we
een paraplu in bruikleen. Viva la France.

13.52 Gert Jan en Beitske
Lift nei
Den Bosch. Olé!

14.45 Jaring en Sjoerd

Jaring, Sjoerd en Jan en Sjoerd hadden gezamenlijk een lift van Bolsward naar Lemmer. Sjoerd en Jan hebben een lift naar Almere. Wij staan nog in Lemmer bij
de mac. Groetjes Jaring en Sjoerd.

14.50 Omrop Fryslân
Yn it programma Hallo 2007 wurdt it ferhaal fan de lifters ferteld. Wa’t it trochjûn hat witte wij net, mar it wie in leuke oankundiging fan Rein Tolsma fan
Omrop Fryslân..

15.10 Susanne en Niels
Wij sitte bij Marc yn in moaie Citroen en hawwe in lift oant Breda. Sitte ter hichte fan Nunspeet. Giet best.

15.12 Tjitte Jelle en Wytske
Wij binne mei Sjoerd en Jan bij Almere.

15.13 Sjoerd en Jan

Freonen en freondinnen, wij steane earne bij Almere. Tjitte Jelle en Wytske ek.

15.30 Jan en Sjoerd
Wij hebben een lift richting Breda. Gaat mooi!

Opmerking: No mar hope dat se harren fuotbalhormonen yn bedwang hâlde kinne en gjin
tuskenstop meitsje.

15.50 Tsjeard en Sjoukje
Wij ha de fiifde lift. Giet moai, bij Utert. Allegear de groeten.

16.00 mail fan Ate-Feike
Ate Feike de Boer lit witte al syn jild te setten op broer Teade. Ate hat syn broer net allinne syn paspoart mei jûn mar ek in gedetailleerde wegenkaart fan Frankryk. As sy it no net winne……………




16.20 Tsjeard en Sjoukje
Toch fjremd, ynhelle wurde troch in auto mei Jan en Sjoerd. Yn auto roke en âlde rock fersacht de pine.

16.15 Lichte panyk bij wepmaster

De wepmaster giet nei Nijbeets foar in nijjiersit mei de famylje Yn de hobby keamer stean twa kompjoeters klear, omdat men wit dat de liftplicht foargiet. It ynloggen slagget net op de iene mar ek net op de oare. Wat is der oan de hân?
Nei wat tillefoantsjes, krij ik Wouter Jorritsma fan Freez.it te pakken en hij giet gelyk oan de slach it probleem op te lossen.  Tige tank Wouter. Oan ’t 9 oere ta sit ik yn Nijbeets de side bij te wurkjen.

16.25 Jaring en Sjoerd
Team Jaring en Sjoerd hawwe in lift fan Almere nei Utert. Volgens ons liggen wij niet op kop, maar we gaan er voor. Straks eerst nog even een kaart van Belgie en Frankrijk kopen.

16.55 Wybren en Namkje


Mei Tsjetsjenen yn in lyts frachtweintsje lifte wij straks Belgie yn. Earste 5 minuten libbensferhaal yn in taal tusken Engels, Frans en Flaamsk yn. Machtich !!!

17.02 Teade en Klaas
Welkom in Belgie!

17.04 Sjoerd en Jan
Hazeldonk!

17.06 Niels en Suzanne
Niels en Suuz zitten aan een vlaams frietje op de Belgische Grens.

17.07 Beitske en Gert Jan
Yn e frachtwein nei Lille! Waahaa! We helje Nam & Wieb yn.

17.12 Jaring en Sjoerd
Team Jaring en Sjoerd hebben een lift naar Breda.

17.20 Beitske en Gert Jan
En ja hjer, Gert krijt fransk bier fan ús Tsjechyske sjoffeur út de koelkast. Undertusken dûnsje we
de macarena.

17.23 Niels en Suzanne


We sitte op e grins oan’e vlaamske friet.

17.54 Sjoerd en Jan
Lift nei Lille. Tres bien.

Opmerking: Wij fan SDS binne echt grutsk op jim!!

17.54 Tjitte Jelle en Wytske
W en TJ yn Antwerpen

17.59 Tsjeard en Sjoukje
At we no iten gean ha we stokbôle mei reade wyn. Lokkich ha wij eigen broadsjes en drinkjes mei.

Opmerking: Dan kinne se de hesjes no mar oan dwaan

18.03 Jan en Sjoerd
Lift rjochting Lille.

Opmerking: Om 17.54 in sms fan Sjoerd en no ien fan Jan mei de selde ynhâld. Hoe soe it wêze mei de ynterne kommunikaasje!!!

18.13 Wybren en Namkje
Lift nei Amiens, skarrelt moai

19.04 Wybren en Namkje
Der binne 100.000 wegen dy’t
Gent ynliede. Neffens mij is der nar 1 om derút te kommen. Nei in healoere omriden komme wij op itselde plak út

19.14 Niels en Susanne
Ik koe myn paspoort net fine bij de grins. We hawwe der hast twa oeren stien. No gelokkich in combi oant Gent.

Opmerking: Niels hat wol wat mei paspoorten. Ferline jier stie dit yn it ferslach:
Bij de grins ûntduts Niels dat in goede tarissing net helpt at je krekt foar it fuortgean de tas wikselje . Syn soarchfâldich ynpakte paspoort sit noch yn de tas dy’t thús stiet. Nei 20 minuten bij it grinskantoar en 25 euro fierder dochs noch in needpaspoort krigen.

19.20 Wybren en Namkje
Us foarige lift wie dus dy twa Belgyske jonges út Tsjetsjenie. Hij hie efkes wiet helle yn Terneuzen. We heare no “people are strange” fan the Doors bij 2 Franske jonges dy’t efkes yn Mokum west ha

19.30 Wybren en Namkje
Wij ride no GertJan en Beitske foarbij op de Franske grins! Machtich. Binne der noch guon foar ús?

Opmerking: ja

19.35 Tjitte Jelle en Wyts
Heij thúsbliuwers. Hjir Tjitte Jelle en Wyts. Nei alve liften no in lift yn in truck foarbij Lille.  Neffens ús giet it goed.

20.10 Gertjan en Eelke (eindelik)
He Aant, it giet aardich, sitte krekt ûnder Brussel. Op é route.

20.14 Teade en Klaas
Zagen Beitske en Gert Jan bij de grens staan. Ha ha.

20.15 Sjoerd en Jaring
Na 2 uur omklungelen in Roosendaal, hebben team Rispens een lift naar Antwerpen. We hebben een lift van een frans stel afgeslagen. Dit stel moest naar een stad op 50 kilometer van de eindbestemming. Helaas gingen ze eerst
slapen, voordat ze die kant opgingen.

20.20 Tsjeard en Sjoukje
It reint hjir bakken út de himmel:
Paris

20.45 Beitske en Gert Jan
Rjochting Paris yn in prachtich kamperbuske. Ietwat fertraging oprûn, mar we knalle fierder.


Gert Jan en Beitske, hjir bij de start, sjogge it wer hielendal sitten

21.12 Jan en Sjoerd
Wij sitte “
hoog en droog” ûnderweis rjochting Paris.
Groetnis Bonsjoerd en Jan

21.20 Niels en Susanne
Binne foarbij Gent en op syk nei in lift nei Lille.

21.59 Jaring en Sjoerd
Team Rispens is gestrand in Antwerpen. Dus de doelstelling van vandaag is gehaald. Morgen weer een nieuwe dag.

22.05 Niels en Susanne
Na zware overwegingen besluiten wij om een slaapplaats te zoeken en er morgen weer  fris tegen aan te gaan. We zitten nog steeds vlak voor Kortrijk.

Noch wat mailtsjes
17.11
Beste lezer,
We hebben Klaas en Teade rond half 5 afgezet net voorbij Ridderkerk, nadat we ze rond half 3 hadden opgepikt bij de pomp van Lemmer. We hebben 2 uur gezellig zitten kletsen over van alles en nog wat, en waarschijnlijk ook nog wat andere deelnemers ingehaald. Nu maar hopen dat ze snel een lift richting Belgie gekregen hebben… op de terugweg zagen we ze in ieder geval niet meer staan (of ze waren alweer koffie aan het drinken 🙂 ) 
Met vriendelijke groet,  
Jelmer en Sandra
Rotterdam

18.21 Mail fan Marije (dochter fan Jan en Lisanne)


Goeie,

Mijn Frysk is net sa best maar ik wil graag even witten litten dat ik mei bin met heit en sjoerd.

We gaan hartstikke best!!!! Ik zit in een mooie rugzak bij heit op de rech. Ik mocht zelfs even  stioeren van de beste man die us mei nome had.

Wij litten wer van us jerren.
 
Opmerking: No begripe wij ek werom Sjoerd en Jan sokke snelle liften hawwe. Wij sille it reglement der op neisjen at lifte mei 3 wol tastien is.
 
22.50  Tsjeard en Sjoukje
Ferdwale yn Paris is in makkie. Dêrnei derútkomme is dreger, mar we binne wer on the road. Lifte op in sluten tankstasjon is ek min. Sukses oan elk.
 
22.55 Gert Jan en Beitske
Ha Aant, We binne wer ûnderweis. Ha lift tot foarbij Parys. Kinne
T.G.V. net bijhâlde , mar oars binne wij wol tefreden. Ha al wer chocolade koekjes skoort.
 
23.02 Wybren en Namkje
We ride wer. Dit kear mei in Poal dy’t rjochtsreeks op Red Bull út Poalen komt. Bin Tjitte en Wytske in pear kear tsjin kaam. Moaie reis, soad liften!

23.05 Sjoerd en Jan

Wij ha yn no al legendaryske lift nei Caen en wierskynlik fierder. Oh ja, Malt en du Bois binne ús nije partners.
 
22.50 Jaring en Sjoerd
Team rispens heeft geen hoop meer op een goede afloop…. Volgend jaar beter! Onderweg met de trein naar brussel om daar de nacht door te brengen

23.40 Tsjeard en Sjoukje

Gesellich by blowende fransen, op wei nei in plakje wat iets mei 24 en snelle autos te meitsjen hat!

23.42 Beitske en Gert Jan

We sjogge de tour du Eiffel!

23.45 Klaas en Teade
Mei syn fjouweren ha wij in lift nei Caen Of noch fierder. Yn in landrover mei hun en driver hat in oanbrutsen fles wyn neist him. Fierders smoke wij allegear in sigaar en hat ús bestjoerder al 2 kear in ôfslach mist . Hoe sa riid alkoholfrij?

23.52 Gertjan en Eelke
Hjir live út in Limo rjochting Paris. Cognac en sigaren binne goed fersoarge. Spitich dat we der oer in heal oere al binne

De stân fan saken om 23.30 oere.
Koeze yn Brussels bêd : Sjoerd en Jaring
Koeze yn de buert fan Kortryk: Niels en Susanne
Sjogge de Eiffeltoer: Gert Jan en Beitske
Op wei nei LeMans: Tsjeard en Sjoukje
Superlift nei Caen: Jan en Sjoerd
Yn de buert fan Sjoerd en Jan: Klaas en Teade
Noch foar Paris: Wybren en Namkje
Yn de buert fan Wybren en Namkje: Tjitte Jelle en Wytske
Underwei nei Paris: Eelke en Gertjan 

Opmerking Aant
Wat opfalt is dat wiet, roken  en sigaren in grutte rol spilet bij dizze liftwedstryd. It liket der op dat de lifters dat allegear prachtich fine.
Caen -finish is 350 kilometer + 20 km farre en 400 meter drave
Le Mans – finish is 351 kilometer + 20 kilometer farre en 400 meter drave

00.36 Wybren en Namkje
Trottoir, croissant

00.42 Gert Jan en Beitske
Beits en ik ha in goeie taakferdieling: Beitske regelt de auto mei sjoffeur, wylst ik in bakje kofje taapje. Lift nei L:e Mans. Sjen at er noch in race auto stiet.



Opmerking: gjin auto’s , mooglik wol pitt girls

02.46  Gert Jan en Beitske

Op nei Nantes! C’est Tres bien. Grappige dochs frisse toskenpoets

03.05 Gert jan en Eelke en Philips
He Aant, we ha in lift tot 30 km foar it havenplak en wij binne der dan ungefear 7 oere. Fan in bakje kofje yn Paris wurde je nea minder.

03.42 Gert jan en Eelke
Hoi, wat is it adres fan de jeugdherberch. It liket derop dat wij drave moatte is it net?

Opmerking: dit is it adres!

03.45 Sjoukje en Tsjeard

Yn Quiberon is it 9 graden. Noch gjin boat te sjen.. Dat we net mear in lift hoege is dúdlik.

03.48 Wybren en Namkje
Mei in te hite moter fan in Citroen cruise wij mei in lekkere kâlde Coca Cola yn de hân. Liberté. Egalité, Fraternité

04.10 Sjoukje en Tsjeard

wy lizze fan de stjerrehiemel te genietsjen…yn in bagaazjekar as hotel!lekker koese!
Opmerking: net oerdekt dus !

05.06 Klaas en Teade
Moarn Aant, Wij binne op wei nei Rennes. Sjoerd en Jan sitte noch yn Caen oan de kofje.. Wij geane stadich fierder.

05.34 Tjitte Jelle en Wytske
100 km foar Rennes. Boat 8.00 oere kin noch.

7.54 Sjoerd en Jan
Aant, wurdt it hjoed noch ljocht yn dit lân?. Jan en Sjoerd steane bij Caen en dreame fan in frisse dûk yn de Atlantyske Oseaan?

07.54 Wybren en Namkje
Komme krekt op tiid foar de boat fan 8.00 oere oan.

07.55 Wybren en Namkje
Ha, wij sitte mei fjouwer persoanen al hast mislik op de boat.En dy faart noch net iens. Mar….. Oan dus, machtich!

Opmerking: Wij ha wol in tip foar seesykte, lângenoaten.

08.08 Jaring en Sjoerd

Eerst even lekker luxe ontbijten, nadat we lekker een half uur in badhebben gelegen. Mini bar is vannacht al geplunderd. Wij kinne sa lifte. Groetjes team Rispens.

Opmerking: Wij sogge it wol, de slde strategy as nei Gotenburg. Wer krekt bûten de prizen tinke wij.

08.12 Tsjeard en Sjoukje

Der sitte hjir trije snie wite minsken oan board! Sterkte oan elkenien dy’t noch mei de boat moat.

Opmerking: Dy iene seebonk soe dat in Hofstra wêze?. Mei Sjoukje aansens op it skouder (lekker licht dan) moat de oerwinning te heljen wêze. Mar goed dat se earst dat djoere ontbijt fan team Rispens net hân hawwe, wat dat hie echt sonde west.

It waar bij Bretagne
Der lûkt krekt in buiengebiet oer de kust. Pyt soe wol sizze: it is in kwesty fan kilometers. Sjoch op de Europeeske rader.

 

08.50 Eelke en Gert Jan
We binne bij de boat. Wij ha fan de frou efter it loket heard dat wij tredde binne. Groetnis

Opmerking: Jim binne tredde at jim as tredde bij de herberch oankomme. Dus net te gau jûchhije. Want der sitte in pear oan te kommen.

09.02 Gertjan en Beitske
Goeiemoarn, nei lang omhingjen pakke wij it no wer serieus oan. Binne ûnderweis nei Vannes. Ha  hjoed noch in nijjiersdûk op it programma stean. Groetnis út stokbollelân

Opmerking: Unox helden dus.

09.05 de Winners
Alvestêde finish, rekken alle 4 nei in snoekdûk, tagelyk de doar oan! Dus Wyp, Tsjeard, Nam en Sjouk op ‘e streep.
Finishtiid 9 oere.

Opmerking: Dit is fansels klasse fan Sjoukje en Namkje Koudenburg. Dat sij de twa grutte liftrivalen tagelyk oer de streep helpe. Alle 4 fan herte lokwinske. It korps fan Wommels en Goiingea is al oan it oefenjen.

09.45 Klaas en Teade
Aant! We bin dr!!! Hihaa

Opmerking: Wij meie oannimme dat Klaas bij de boat bedoelt. Of hawwe se sels oer it wetter in lift fûn?. Bin benijd at dizze twa stoere binken nei de boattocht ek noch hihaa sizze of is dan mear fan grugrgg…kots…grzgrzgrzu

10.00 In lokwinske fan Anke van Asselt en Jeroen Brouwer
Krekt wekker en fansels gau de kompjuter oan.Wybren, Namkje, Tsjeard en Sjoukje lokwinske, machtich!
Aant, geweldich om dit sa te folgjen mar hasto eins wol sliepe kinnen?

Opmerking: Ik haw iets mear sliept as de measte lifters mar folle minder as team Rispens

10.30 Lokwinske fan Anke en Harm Abma
Machtich moai, jimme ha it  him wer flikt. Lokwinske Wybren en Namkje en  Tsjeard en Sjoukje

10.45 Lokwinske fan heit en mem út Goaiïngea
Lokwinske, Tsjeard, Sjoukje, Wybren en Namkje
Wat in prestaasje om like hurd te draven!
Wij nimme der hjir ien op.

10.50 Beitske en Gert Jan
Wij sitte op de boat mei Klaas en Teade. Flinke golven.Ahoy. Gert en Beit

11.05 Sjoerd en Jaring

Jaring en Sjoerd terug in de wedstrijd! Na ons uitstapje naar Brussel gaan we met de trein terug naar Gent om weer deel te nemen in de wedstrijd! Kunnen we nog winnen aant? We gaan er in ieder geval met frisse tegen zin er weer tegen aan! Jaring en sjoerd weer onderweg!

11.10 Jaring en Sjoerd
lepus
Tomme, eerste fout alweer gemaakt. We hadden beter de trein naar Kortrijk kunnen pakken in plaats van naar Gent. Nu stappen we in Gent alsnog op de trein naar Kortrijk om daar bij de grens weer verder te liften.

Opmerking: Ek Jaring en Sjoerd sitte yn de rook sa te sjen. Dy twa bêden yn de herberch te min liket mij sa gjin probleem wurden.

11.30 Sjoerd en Jan en Marije
100 kilometer fan Vannes. Yn in truckerskafe. Wij binne aardich tenein (gjin 18 mear) Shalom

Opmerking: Feteranentempo hearen!! Wêr is jim izeren kondysje!

11.50 Sjoerd en Jaring
Team Rispens is in Gent aangekomen. Straks met de trein naar Kortrijk. Vanuit daar met een taxi naar het tankstation op de grensovergang. Vanaf het laatste traject liften naar de eindbestemming. We starten om 13.00 uur en zien dit als de grote oefening voor volgend jaar.

11.51 Lokwinske fan Herman, Minke en Rixt Vijlbrief
Lokwinske alle lifters dy’t al oankommen binne en de rest noch in soad sterkte en sukses!

11.55 Tsjeard foar Omrop Fryslân
In poging fan Omrop Fryslân om Namkje of Sjoukje te berikken slagge net fanwege kûze. Ek besocht men Jan en Sjoerd te berikken mar dy joegen ek gjin lûd.  Tsjeard joech oan dat sij in makkie hiene (it wie hast in kwesty fan oerstappe ynstee fan lifte). Ek wit elkenien nochris dat de Multipla net in moaie auto is, neffens de lifters.

12.00 Tuskenstân fan saken
Der
binne 5 teams binnen. Tjitte Jelle en Wytske ferwachtsje wij ek hast yn de haven. Jan en Sjoerd dogge ek tige harren bêst, Niels en Susanne binne wat stil, mooglik dat se lekker útsliepe en wer oan de Flaamske friet sitte en wachtsje op de reade lantearnedragers en iepenferfier oanhingers Jaring en Sjoerd.

12.40 Berjocht fan Folkje Marijke Visser
lokwinsken foar Tsjeard, Sjoukje,Wybren, Beitske, Gert-Jan, Lamkje, Klaas en Teade.
Wy ha de kaert fan Frankryk op it behang plakt en mei kleurde kopspjeden byhalden wer’t elk lans gien is. In spannend spultsje. En de spjelde fan tjitte-jelle en Wytske sit noch hyltyd by Rennes. Hoe fier binne jim  no? Gr. folkje en jelle

Hjir binne Tjitte-Jelle en  Wytske bij de start. De draafskuon fan Wytske wiene net echt nedich west

12.50 Mail fan Ale Bakker
Beitske, fan herte lokwinske, wol net de winner, mar toch moai op tiid oankommen. Jack en Ale.

13.00 Sjoerd en Jaring

Jaring en sjoerd hebben een lift met maar liefst 4 vrachtwagens tegelijk! De reis gaat naar le havre ergens aan de kust. We vertrekken nu uit kortrijk

Opmerking: Bij LeHavre net in boat sykje team Rispens, want dan moatte jim Ingelsk prate en sjogge jim de oaren seker net

13.05 Niels en Susanne
Niels en Susanne feliciteren de winnaars. Een superprestatie.. Wij zitten in Arras en gaan op zoek naar een trein .

Susanne en Niels bij de start. De finish helje se dus net liftend, mar foar de gesellichheid geane se der wol hinne fansels.

13.37 Tjitte-Jelle en Wytske
Boatsje nei Le Palais

14.00 Omrop Fryslân stjoert interfjoe ta.
Grut bestân. Kin net op de side. Wa’t it heare wol kin nei ús maile. Dan maile wij it ta. Is 2 MB grut, dus de kabel kreaket er betiden oer.

15.00 Fraach wepmaster
Hoe giet it mei Sjoerd en Jan?

15.25 Tjitte Jelle
Le bel oeil. Sliepe krekt as alle oare lifters

Opmerking: Myn Frânsk wurdt er net better op. Ek it wurdenboek jout it net oan.

15.30 Niels en Susanne
Suus en Niels goaie de handoek yn de ring.  180 euro foar de treinreis! It moat wol leuk bliuwe. Jammer it is net oars. Hulde oan elkenien dy’t it helle hat.

Opmerking: Spitich. wij kinne dit goed begripe. Sa leuk is in trein no ek wer net. Oare kear better

16.40 Wouter Jorritsma fan Freez.it
Us fermelding dat it interfjoe op omrop Fryslan wat te grut is om op de side te setten, levere in reaksje fan…. Wouter Jorritsma, de man fan Freez.it , de webhoster fan dizze side en ús help bij need. Hij hat efkes sleutele en der foar soargje dat it interfjoe hjir te harkjen is. Super Wouter!!!

16.45 Mail fan Marc Trommelen, liftjouwer fan Niels en Susanne
Leuk om de reis zo te volgen, na hun een lift te hebben gegeven. Ik wil bij deze toch even Niels en Susanne een hart onder de riem steken.Kennelijk heeft mijn lift ze niet goed genoeg geholpen. Ze hebben de 100.000 km meegemaakt, maar ook mijne “moaie Citroen” heeft de finish niet gehaald. Hij gaat nu opgehaald worden met takelwagen…
Dus Susanne en Niels… Sorrie voor het slechte karma wat ie in jullie reis heeft gestopt… 🙂
Groeten,
Marc

Opmerking: Super Marc, de liftwedstrijd is vooral een succes door mensen zoals jou.

17.10 Mail fan  Feikje Bakker
Foar alle dielnimmers, dy ’t al oankommen binne, lokwinske mei it behelle resultaat. Foar alle dielnimmers, dy ’t it net helle ha, it oare jier wer in kans. Tsjin dy blikseme Koudenburgers en oanhang skynt net ien op te kinnen. Foarstel dat hja folgjend jier mei handicap meidogge: ien hân op de rêch of soksawat. Fierders in soad wille tawinske op Belle Ile en in bulte sinneskyn, ek yn it nije jier.
Feikje Bakker en fam. út Gau.
 

17.15 Jan en Sjoerd
Äls het golft, dan golft het goed”, Wij binne der daliks. Fuort mar op safari.

17.20 Jaring en Sjoerd
We zijn nu 50 km voor Le Havre.
 
17.35 Jaring en Sjoerd
We hebben een lift. Onze eerste lift met alleen Frans sprekende wijnzuipers. We gaan op de tabkaart van Frankrijk van pagina 9 naar pagina 8ergens naar een dorp in vakje B1. Waarschijnlijk is dit een lift van een paar honderd kilometer. Sjoerd en Jaring gaan er nog steeds voor.

17.42 Mail fan Gerrit en Anneke Hulzinga
Sa, Gertjan en Beitske binne ek teplak. Gertjan skille om ûng. 13.00 oere. Hy hat de swimbroek al oan seit er. Kin sa de oseaan yn!  Wy wolle de winners lokwinskje en de minsken die’t noch ûnderweis binne succes winskje mei de liften. We hoopje dat se allegearre it moaie eilân yn é see berikke sille.

En dan lêst- bêst: Aant ! Want sûnder Aant syn ynset om alles folgje te kinne, soe it hiele ferhaal minder aardich wêze. Tige tank dêrfoar.  En ek dizze kear ha we ús deroer fernuvere hoe hurd as men liftend samar in ein fuort binne. Knap dien allegearre. Groetnis Gerrit en Anneke

Opmerking Aant: Gjin tank, graach dien, ik sil dêr earlik yn wêze: Oars hie ik hjoed nei it nijjiersmoarnsiten moatten en dan soesto it ek wol witte, Gerrit!

18.05 Jaring en Sjoerd
Onze Franse gebarentaal is beter dan verwacht. Wisten jullie wel dat in het kenteken van de fransen  de postcode verwerkt staat? Onze eindbestelling ligt in regio 56. En dat zijn  de laatste 2 cijfers van het kenteken. Hadden we dit geweten dan hadden we zeker gewonnen.

Opmerking: Dit is gewoan hartstikke sneu. Dit is hast it selde as in falske start. Ik stel foar om op nij te begjinnen. Of hiene se de fakartikelen oer liften mar better lêze moatten?
Dit wurdt noch gjin eilân yn é see dizze nacht, of binne it twa hiele goeie swimmers, Jan en Tsjallie?
 
21.00 Mail Jan en Tjally
As it in sé fol mei bier is dan komme se der wol mar oars ha wy ús twifels!!!
 
21.40 Jaring en Sjoerd
Beste mensen, familie, vrienden en webmaster! Tegen onze eigen regels in hebben we een lift aangenomen , waarbij zowel een vervelend klein kind in zit en ook nog een hond.
maar deze mensen brengen ons wel in Vannes! De laatste grote stad voor de haven. Daar blijven we vannacht en we gaan morgenvroeg de eerste boot halen om zo op de valreep de eindbestemming te halen. We zijn nu 80 km voor Rennes.

Opmerking: Dit docht ús wol tinken oan de konference fan Bram en Freek, dy’t ek oer it liften fertelle. “Voor de grens werden we meegenomen door een gezin met 5 kinderen op de achterbank die als maar zongen, hij was een  smokkelaar!”

Onze volgende lift was met iemand in een kanarie gele daf: Op de achterbank zat een hond.  Die ik niet gezien had. Hij mij wel. Vrolijk sprong hij bij mij op schoot en begon mijn brilleglazen schoon te likken “
Sterkte jonges en gjin fratsen want oars komme jim ek noch yn “Man bijt hond”
 
00.10 Jaring en Sjoerd.
Aangekomen in Vannes. Gaan nu naar de bar.
 
16.00 Sjoerd en Jaring
Jaring en Sjoerd hebben een rustige dag gehad. Lekker geborreld gisteren! We hebben ons een nieuwe levensstijl  aangeleerd. We hebben tijdens onze trip in Frankrijk alleen een tosti gekocht en voor de rest een paar koekjes. In Brussel lagen we na één zwaar biertje al plat en gisteren na 5 bier. Nu hebben we hem ook al weer aardig hangen en we zitten aan ons tweede biertje nog maar.Dit is de nieuwe afslankmethode: weinig eten en dan na een paar biertjes al smoor. We stappen over 30 minuten op de boot naar de finish.
 
16.30 Jaring en Sjoerd

Kinderen die mekkeren zijn erg, maar kinderen die in het Frans mekkeren is een compleet drama. We hopen dat ze hier geen wadden hebben, zodat de boot in één rechte lijn naar het eiland kan varen. We kunnen niet beloven dat alle passagiers aankomen….
 
17.30 SMS fan de hiele groep
 
 
18.05 Jaring en Sjoerd
Wij binne te plak.
 
Tongersdei 4 jannewaris

18.00 Berjocht fan de groep

Op tongersdeitejûn om 19.00 oere hawwe de lifters it eilân yn de Atlantyske Oseaan ferlitten. Sy binne ûnderweis nei hûs. Sij hoopje freedtemiddei bij Jimbar yn Wommels oan te kommen.

22.00 Meeltsje fan de hiele groep

Hoi aant, hjir alle lifters. We ha krekt yn de kroech it hele ferhaal op grut skerm lezen! Machtich moai. Leuke stikjes en reakties! Prachtich om werom te lezen!bedankt fan ús allegear, we sms underweis wol wat!groeten de lifters
 
Ut de parse
Ut Op é Skille

(om it better te lêzen op de artikels klikke om it te fergrutsjen)

Freed 5-1 2007 om 15.30 Jimbar
De ploech lifters is werom yn Jimbar. Wurch mar foldien jouwe se har dêr noch efkes del. Sij binne ophelle troch twa freonen fan Teade yn twa buskes dy’t belangeleas beskikber steld wiene troch Geidanus út Boalsert. Hulde foar Greidanus en foar dizze “twee versjes uit eigen oven”


Hawwe jim wat (leuks) te melden oer de lifters dan kin dat  maild wurde nei  
dit adres.