Ferskaat nijs

SDS 5 sneon gjin wedstriid
31 oktober 2003
SDS 2 seal wint fan koprinner
31 oktober 2003

* Spiler fan SDS 1 Gert Jan Hiemstra en syn Hester hawwe moandei 27 oktober in lyts famke krigen, neamd Marrit. Fan herte lokwinske!

* Folgende wike komt de 50e Treffer “nije” styl út. Neffens my is dat “nije” der wol hast ôf.

* Jimme kinne fêst yn ‘e aginda sette dat der 17 novimber in ledengearkomste is yn ‘e fuotbalkantine.

* Oebele Anema hat ôfrûne tiisdei by SDS 1 syn debút makke as grinsrjochter. Hy die dit fertsjinstlik. Ien bûtenspulgoaltsje miste hy, mar dat kaam neffens hearen en sizzen omdat syn fiter los siet. Dit wie Wichard syn miening. Neffens Oebele wie it gewoan gjin bûtenspul.