Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Sponserjûn mei John van Zweden

22 maart 20:00 - 22:00

As blyk fan ús wurdearring wolle wy de Freonen en stipers fan SDS fan herte útnoegje foar ús sponsorjûn op freed 22 maart 2024, mei as ynspirearjende gastsprekker: John van Zweden.

John van Zweden, súksesfol ûndernimmer mar benammen leafhawwer fan de fuotbalsport, kin omraak ferhalen fertelle. Hy sil ús op humoristyske wize meinimme yn téma’s, dy’t weromkomme yn
it bedriuwslibben en yn de sport.
John neamt himsels in ‘Haagse volksjongen’.
Hy is bekend as de ‘Behingkening’ en klom op fan supporter oant mei-eigner fan Swansea City. Hy kocht mei in oantal lokale supporters dizze klup, doe’t dizze op it ûnderste plak stie fan de leechste betelle fuotbalôfdieling yn Engeland. Sûnt dat momint gie it better en klom Swansea city omheech nei de Premier League, wûn de league Cup en dêrmei pleatsing foar Europeesk fuotbal.

Programma:
20:00 ynrin mei kofje/tee
20:30 wurd fan wolkom troch foarsitter Helga Develing
20:35 lêzing John van Zweden ynklusief in ‘Haags vragenkwartiertje’
21:45 feiling shirt Swansea City
22:00 ynfoarmiel ferfolch mei in hapje en in snapke.Wy sjogge út nei dyn komst.

Graach hearre wy úterlik freed 8 maart o.s. of wy op dyn komst rekkenje kinne.
Dat kin troch in mail te stjoeren nei: foarsitter@vv-sds.nl of appe/belje mei Bauke de Boer (06 2989 2380).
Fansels is dyn partner ek wolkom.
Lit dan ek efkes witte as’t allinne of mei syn beiden komst.Mei sportive groetnis,

It bestjoer fan vv SDS

Gegevens

Datum:
22 maart
Tijd:
20:00 - 22:00