EK-wepperkes

De Freonen fan SDS (slot)
14 juni 2004
SDS EK-League: 3 koprinners
15 juni 2004

Nooit grappig
Een knietje krijgen van een donor is nooit grappig.
(
www.nooitgrappig.com)

Hoop
Der bliuwt hoop foar spilers fan SDS dy ’t nochris hegerop wolle. Forige wike luts AC Milan Harvey Esajas oan. Dizze spiler is 29 jier, maat fan Clarence Seedorf en mislukt by Cambuur. Neidat hy 12 kilo ôffallen wie koe hy sa by AC Milan tekenje. It sit der dus wol deeglik yn dat nei de drege foarberieding fan de A- en B-seleksje nei de simmerstop, der spilers safolle ôffallen binne dat sy alsnog by Real Madrid tekenje. It sil ús benije.

SDS EK-League
Der dogge 53 minsken mei oan de SDS EK-League. Dit is neffens ús net sa ’n gek oantal. Fanmiddei kinne jimme hjir sjen wa fan dizze minsken boppe oan stiet.

Nije keeper
SDS kin noch altiten wol in keeper brûke. Dizze keeper moat al in bytsje in bal oannimme kinne. Dizze keeper hoecht him dan ek net te melden.(Klik hjir)

THEO
Op www.voetbalnoord.nl stiet by alle útslagen fan SDS 1 dat SDS 1 op 30 maaie in oefenwedstriid mei 1-0 ferlern hat fan THEO. Hjir is ús neat fan bekend.


Prizen SDS League
Alle prizen fan de lêste SDS League binne de ôfrûne wike oer makke. Eltsenien fan herte mei jimme prizen. No net lyk it jild fersûpe!