Kompetysje-yndieling SDS 1
5 juli 2024EK-League 7-7-2024
7 juli 2024Hjir wer de nijste stân fan de SDS EK-League. No’t wy rjochting de heale finales gean binne der ek hieltiten mear punten te ferdielen.
Spanje – Duitsland
Jelle Wiersma, Hessel Hek, Redmer en Harmen, Jelmer Posthumus, Tom Wijnia, Pieter Sijtsma en Hendrik Eringa seagen wedstriid 47 wol yn 1-1 eindigjen en kinne 10 punten byskriuwe. Wiebe Heeres, Eeltje Postma en Jildert van der Werf gienen foar 2-2 en meie 5 punten byskriuwe.
Frankrijk – Portugal
14 dielnimmers seagen wedstriid 46 wol yn in lyspul eindigjen. Tom Wijnia wie de ienige dy’t foar in ‘bloedeloze’ 0-0 gie en mei 10 punten byskriuwe. De oare 13 5 punten.
Heale finalisten
In goed foarseine heale finalist levert 75 punten op. Dat sjit op. Hielendal as je der twa goed hawwe. Aant Hofstra, Jelle Wiersma, Johan Delfsma, Wiebe Heeres, Brent en Syb, Redmer en Harmen, Jens Overal, Pieter en Benthe Kamstra, Samme Overal, Bas Postma, Rudmer-Jesse Joustra, Melle de Boer, Auke Eringa, Erik Haitsma, Ate Feike de Boer, Annejan Hallema, Hendrik Eringa, Frans-Pyter Terpstra, Jildert van der Werf en Hendrik de Jong seagen Spanje en Frankrijk wol yn de heale finale kommen en meie 150 punten byskriuwe. De rest hat 75 punten útsein Teade de Boer, Jelmer de Groot en de ûndersten fan de ranglist, Gerbrand en Douwe-Jan en Rinse Joustra. Sy seagen beide ploegen net yn de heale finale kommen en kinne hjir foar dan ek gjin punten byskriuwe.
Pieter Sijtsma rekket de kopposysje kwyt oan Annejan Hallema. Wy tochten dat hy in gokje dien hie troch Frankrijk net yn de heale finale te setten, mar wol yn de finale. No dus gjin punten foar Frankrijk, mar as sy yn de finale komme al wer. Hy hat se ek stean as Europees kampioen. Pieter lit witte dat it net in gokje wie, mar in slip fan de penne……. Hooplik foar him kostet dit him net de titel.
Annejan Hallema nimt de kopposysje oer fan Pieter Sijtsma
Giele kaarten
Ynmiddels binne der al 206 giele kaarten útdield op it EK. Dat betsjut foar de SDS EK-League dat allinnich Eeltje Postma en Frans-Pyter Terpstra noch bonuspunten skore kinne. Mar dan moatte der net al tefolle kaarten mear falle. Frans-Pyter gie foar 215 kaarten en Eeltje foar 222. Sy meie der 5 neist sitte en dat soe dan 50 punten opleverje kinne.
Topskoarder
De measte dielnimmers hawwe noch kans om 50 punten te fertsjinjen by in goed foarseine topskoorder. Allinnich Teade de Boer (Füllkrug), Anne Torensma (Lukaku) en Auke Eringa (Ronaldo) kinne de 50 punten wol op harren búk skriuwe.
De poedelpriis
De hiele stân gie hast oer de kop útsein de nûmers lêst. Rinse Joustra giet noch fol foar de fiskweardebon en hat sels in gatsje slein fan 5 punten mei de nûmer ien nei lêst, Douwe-Jan en Gerbrand.
1 | 2 | Annejan Hallema | Wommels | 910 |
2 | 8 | Pieter en Benthe Kamstra | Easterein | 900 |
3 | 1 | Pieter Sijtsma | Wommels | 895 |
4 | 10 | Jens Overal | Terschelling | 890 |
5 | 11 | Johan Delfsma | Wommels | 885 |
6 | 13 | Wiebe Heeres | Wommels | 885 |
7 | 14 | Brent en Syb | Easterein | 875 |
8 | 15 | Bas Postma | Landerum | 870 |
9 | 22 | Erik Haitsma | Wommels | 865 |
10 | 21 | Samme Overal | Terschelling | 865 |
11 | 30 | Redmer en Harmen | Easterein | 855 |
12 | 31 | Aant Hofstra | Wommels | 845 |
13 | 3 | Eeltje Postma | Wommels | 845 |
14 | 29 | Hendrik de Jong | Wommels | 845 |
15 | 35 | Melle de Boer | Wommels | 845 |
16 | 32 | Auke Eringa | Wommels | 840 |
17 | 6 | Jelmer Posthumus | Wommels | 835 |
18 | 4 | Lisa Hoekstra | Easterein | 835 |
19 | 5 | Jaap Toering | Wommels | 825 |
20 | 42 | Jelle Wiersma | Wommels | 825 |
21 | 7 | Bote Strikwerda | Wommels | 820 |
22 | 41 | Frans-Pyter Terpstra | Wommels | 820 |
23 | 9 | Grietzen Broersma | Ljouwert | 820 |
24 | 40 | Ate Feike de Boer | Wommels | 815 |
25 | 43 | Hendrik Eringa | Spannum | 805 |
26 | 12 | Jelte-Pieter Dijkstra | Wommels | 805 |
27 | 16 | Folkert en Tjerk van der Werf | Reahûs | 795 |
28 | 19 | Paul Reitsma | Wommels | 795 |
29 | 20 | Pieter Wijnia | Wommels | 795 |
30 | 44 | Rudmer Jesse Joustra | Wommels | 795 |
31 | 17 | Seriette Strikwerda | Spannum | 795 |
32 | 23 | Lolke Hofstra | Wommels | 790 |
33 | 18 | Margit Cnossen | Spannum | 790 |
34 | 46 | Jildert van der Werf | Wommels | 790 |
35 | 26 | Jelmer Hanenburg | Spannum | 785 |
36 | 24 | Willem Wijnia | Wommels | 785 |
37 | 25 | Jan-Friso Bruinsma | Wommels | 780 |
38 | 27 | Lourens van der Pol | Easterein | 780 |
39 | 36 | Tom Wijnia | Wommels | 780 |
40 | 28 | Marc Hoekstra | Easterein | 775 |
41 | 33 | Eeltsje Bootsma | Ljouwert | 765 |
42 | 38 | Hessel Hek | Hoorn (Skylge) | 765 |
43 | 37 | Brend Toering | Wommels | 755 |
44 | 39 | Jelke van der Werf | Wommels | 755 |
45 | 47 | Anne Torensma | Midsland | 695 |
46 | 34 | Jelmer de Groot | Hoorn (Skylge) | 690 |
47 | 45 | Teade de Boer | Wommels | 645 |
48 | 48 | Gerbrand en Douwe Jan | Wommels | 585 |
49 | 49 | Rinse Joustra | Wommels | 580 |