Einstân SDS WK league

Kampioen en topskoarder
13 juli 2018
Weppers snein 15-7-2018
15 juli 2018

Dat Frankryk wrâldkampioen wurde soe, wie foar 10 dielnimmers gjin ferrassing. Sij pakten allegear de 50 punten der bij.  En sa feroare der boppe yn net folle want de toppers hiene it sa allegear ek betocht.

Dat Kane topskoarder wurde soe, wie wol in ferrassing. Nimmen hie oan him tocht.


En sa wurdt Lieuwe Jan Yntema de winner fan 2018. Fan herte lokwinske.
It is gjin tafal, want yn 2014  wie de winner Lieuwe Jan Yntema….
Boppedat it sit wat yn de famylje want yn 2010 wie Hessel Yntema, syn broer de winner fan de WK league en dy Hessel is no twadde wurden…

Yn 2022, dat is samar sa fier, neame wij dit spultsje dan ek : wa kin de Yntema’s ferslaan?

Tjeerd de Vries pakt in kreas tredde plakje en Hendrik Eringa in kreas lêste plakje….