Weppers snein 15-7-2018

Einstân SDS WK league
15 juli 2018
Kompetysje-yndielingen 2018-2019
15 juli 2018

Efkes Balje

It koe hast net better ôfrûne freed. In fjild dat wat opfleure wie mei wat pleatselike buikes fannewike (mei help fan wat spuitapparaten), in bal dy’t streekrjocht út Ruslân kaam en in even oantal dielnimmers. De oranje ljochtljouwende hesjes dy’t normaal brûkt wurde troch regelmjittich útrêstende gemeenteamtners, krigen der flink fan lâns want der wiene guon bij dy’t it in boppegemiddeld tempo oanhâlden.
De gemeentewurkenhesjesploech hiene it dreech en kamen it earste koppende doelpunt fan Wouter Hylkema net te boppe. It ferskil waard nea lytser as dy earste dûbelteller. Der waard oars flink skoard en in einstân fan sa ûngefear 15-17 wie it resultaat. In koarte drinkpauze moast de gemeentewurkenhesjesploech nije enerzjy jaan. Dat slagge yn de “2 út finale”. De iene oanfal nei de oare resultearre yn libbensgrutte kânsen mar de bal moast iets te faak wer opsocht wurde út de boskjes bij de tennisbaan.
Dy sûnder hesjes wiene wat tûker. De man mei hast de measte routine, Pieter Veenje fansels, skode de 1-0 binnen en Remco Hylkema skeat it net oan flarden mei de 2-0.
Hesjes: Menno, Folkert Rients, Aant, Harm, Michael en Lieuwe
Sûnder: Pieter, Remco, Wouter, Klaas, Harry, Wybren
Aant

1972-1973


Samar ynienen dûkt er wer in moai plakboek op. Jan de Boer fan Easterein kaam it tafallich wer tsjin. It is in plakboek oer in diel fan it seizoen 1972-1973 en 1973-1974 en it is gearstald troch Gauke Halbersma. Dy hie it jierren lyn al in kear oan Jan jûn en no kaam it samar wer foar it ljocht. It binne allegear stikjes út it Frysk Deiblêd


Wij sille der wer in moaie bledside fan meitsje op de wepside ( Tenminste at it werris oantal dagen reint….) en geane fansels ek op syk nei de dieders…….