Traine yn it Abe-Lenstra-stadion

Efkes Ballers wer soepel los
21 mei 2021
Weppers pinkstermoandei 24-5
24 mei 2021

Moarn sil de jeugd fan SDS JO8 oant en mei de JO12 yn it Abe-Lenstra-stadion fan sc Heerenveen traine fan 12.00 oant 13.00 oere. Dêrnei is der noch patat en limonade.

Hjoed eksakt 15 jier lyn hat der ek in ploegje SDS’ers traint yn it Abe-Lenstra-stadion.
Dat wie op 23 maaie 2006. It wie yn de tiid dat noch net alle Eredivisiewedstriden op de tillevysje te sjen wienen.
It stadion waard ferboud en omrop Talpa, foarrinner fan ESPN en Fox, woe ris sjen hoe as it wurkje soe mei nije kameraposysjes.
Mei tank oan trainer Marcel Frankena dy ’t mei help fan wat konneksjes regele hie dat guon SDS’ers sa yn it Abe-Lenstra-stadion harren keunsten fertoane mochten.
Der moasten úteinlik in soad korners en frije trapen naam wurde om te sjen as de kamera’s goed wurken.

Trainer Marcel Frankena mei op de eftergrûn de regisseur en Jacob-Klaas Haitsma.


De mannen krije ynstruksje. Erik haitsma wie mooglik wat oan de lette kant 😉

 

De kameraman

 

Korners oefenje mei Henk Postma, Willem Wijnia, Jacob-Klaas Haitsma, Mark Postma, Floris Hiemstra en Erik Haitsma.


In korner mei Tsjipke Okkema, Anne Stenekes, Jappie Wijnia, Ruurd Boorsma, Mark Postma en Floris Hiemstra.


Fanút alle hoeken waard der filme.

In muorke mei Willem Wijnia, Jacob-Klaas Haitsma, Erik Haitsma, Floris Hiemstra en Henk Postma en op goal Jappie Wijnia.

 

Trainer Marcel Frankena mei assistent Gert-Jan Hiemstra.

 

Steand: Skelte Anema, Anne Stenekes, Hendrik de Jong, Willem Wijnia, Erik Haitsma en Henk Postma.Op hurken: Floris Hiemstra, Mark Postma, Jappie Wijnia, Ruurd Boorsma en Jacob-Klaas Haitsma.