Efkes Balje

Freedweppers
11 juni 2015
Weppers snein 14-6
14 juni 2015

Efkes Balje
Swiere ûnderhannelingen justerjûn foarôfgeand oan it Efkes Baljen. Wat wie it gefal? Der wiene 9 man. Dat is ûneven. Op it fjild dêrneist wiene in stik as wat jongeren oan de gong. Dus stelden wij de fraach oan harren: wol der ek ien bij ús meidwaan, om it bij ús even te meitsjen?
Se sjogge elkoar oan en it antwurd is “no, nee……net entoesjast dus….
Oke, dan mar 5 tsjin 4 en bij it útdielen fan de hesjes komt er dochs noch ien fan de jonges oan. Kin der ek trije mei?  Aha, ûnderhannelingen dus…… 
It demokratyske gehalte is heech bij it Efkes Baljen dus wurdt it yn de groep goait bij de Efkes Ballers en sij sizze unanym: ja.
Mar de wille is mar koart want der komme mar twa mantsjes oansetten, mei de meidieling dat de tredde net mear wol.
“Helaas, jonges, dan wurdt it neat, want 9 en 2 is 11 en dat is ek ûneven”.
Dus dan dochs mar mei 5 tsjin 4.
En krekt op it alder, alderlêste momint dat it los gean sil, komt Kevin de Haan oansetten: “ik wol dochs wol mei dwaan”. Moai fan Kevin, want dy spile  dus mei en die dat poerbêst.
It gie der wer om wei justerjûn en de spanning wie te snijen. Grutte man wie Inne Heerma. Ferlost fan syn eksamen perikelen die hij de iene nei de oare moaie aksje en skoarde prachtige doelpunten.
Twa kear wiene der wat diskutabele sitewaasjes mar dat lost him altiten op troch de fraach te stellen: “wat soe Tjerk hjir fan fine? “. En troch it stellen fan dy fraach is it al oplost. It antwurd docht er dan net mear ta.
Om klokslach healwei 9 oere stie it 6-6. Dus de “grande finale” wie alles beslissend.
1-0 Inne Heerma, 1-1 Johan Heerma en de 2-1 kaam fan de besitter


fan dizze skuon, dy’t no wer in wike op Swingoerd yn de garaazje hingje. 
Hesjes en winners: Inne, Aant, Harrie, Remco en Kevin
Sûnder hesjes en hiele leuke tsjinstanners: Ferrie, Bertus, Pieter V, Folkert R, Johan.


En foar de lêste Treffer fan it jier is noch efkes in kreaze foto makke troch gelegenheidsfotograaf Mark Klijnsma.
 
Aant