Efkes Balje

Útslaggen/ôflast 13-12
13 december 2014
Weppers moandei 15-12
14 december 2014

Efkes Balje
It begjint hielendal út de hân te rinnen mei dat Efkes Baljen. Net at der gewoan balle wurdt, mar at it net troch giet.
Wêr’t yn de foarige ieu de frustraasje en de teloarstelling op ôfreageard waard, wit ik net mear, mar no is dat Whatsapp. It reinde net allinne bûten, it reinde berjochten op de Whatsapp groep “Efkes Balje”.
Mar nei dy earste ôfreagearjende berjochten ûntstie der ynienen wat: it FifaEfkesBaljenspultsje.


FIFA kenner Tjerk (Blatter)  toavere in stadion om ta in “snústerich” trainingsfjildsje yn Easterein en hij promofearde gewoane superstjerren ta Efkes Ballers.  Messi mocht Johan wêze fanwege syn lingte, Pirlo hie syn each falle litten op it burd fan Aant, en Harry en Tjerk skuorden elkoar it hier fan de kop om Robben te wêzen,

Wouter syn foarkar gie út nei Ravanelli (fanwege de kleur hier) , mar Jildert seach mear nei it folume en stelde Cambiasso foar. Fanwege syn snelheid woe Remco Bervoets Orlanda Engelaar net wêze, dêrom woe hij Wouter yn dy rol ha, mar in lytse test makke dúdlik dat Engelaar him dochs op it liif skreaun wie.

Johnny van de Beukering die mei, ja sels op “in ezel op é rogge”.
En sa gie it los net neidat Tjerk in eigen makke EfkeBaljen klupliet makke hie wêr’t Pieter de Boer de ienige muzikant wie. Op bas.
Om healwei achten gie it los mar it nivo helle net de wurklikheid.


Yn it skoft belle sels  Olifantesponser Bertus op en hij liet it wurd breidzjen  (en ek noch wol hiel min breidzjen) falle , de linies te fier útelkoar, gjin ienheid, te lang fjild) en drige mei in oerke fakkefullen at der net mear ynset wêze soe.


Koach Korbach sei yn it skoft neat. Dúdlik wie dat hij syn earen nei de sponser hingje litten hie.  Hij siet yn in hoek boppe op it boek fan Cambuur en hij  liet sjen wat ek hij fan it spul fûn: hij siet  te breidzjen en te knikkeboljen.
” Geitenwollenknibbelsokkenspul” “om bij yn sliep te fallen” liet hij de mannen úteinlik witte en fierders oer it spul “neat dan lof: sa wat troch breidzje dan komt er net ien mear sjen bij it Efkes Baljen”, wiene syn wurden.
“Sjoch nei myn breiwurk, kompakter spylje dus”.

Pieter van Beukering die as ienige syn mûle iepen, en net iens om in hamburger nei binnen te wurkjen mar om wat sinnich te sizzen: ik bin miskien wol in sakkefuller , mar wol gjin fakkefuller wêze, de oaren knikten foar safier se it ferstean koene  mei de koptillefoan op. 
It joech de trochslach foar it nivo fan de twadde helte.
En sa fleach it nivo yn de twadde helte omheech, waard der safolle ynset toand dat om njoggen oere net ien mear yn steat wie om in analyse te dwaan.
Gau werom mei de bus mei sjoffeur Theo dy’t gelokkich wol in miening hie mar gjin werwurd krige troch it buordsje: Niet met de chauffeur spreken tijdens het rijden.
Op whatsapp wie dizze jûn de namme twa kear feroare: Efkes Breidzje en as lêste Efkes net Balje.

Thús gyngen se gau oer ta de oarder fan de dei en dreamden se  noch nei oer harren Fifadebút.
(ah)