Weppers tiisdei 7-7-2020

Efkes Balje
4 juli 2020
Yndieling SDS 1, 2 en VR1
10 juli 2020

Kompetysje yndieling SDS 1

Kommende freed makket de KNVB de kompetysje yndieling yn de A-kategory bekend. Wij binne benijd at er ek ferrassingen binne of at alles it selde is as yn 2019-2020.

Opbringst sponserrin

De opbringst fan de sponserrin waard ôfrûne sneon foarôfgeand oan de sponserrin bekend makke. Dit soe 2385 euries opbrocht hawwe. It rint noch wat op, want ynmiddels sitte wy al op 2420 euries.

Net bêst

Yn Boalsert hawwe se wat striid binnen de fuotbalklup. No wenje dêr ferstannige minsken foar sa fier wij beoardiele kinne, want is dat net sa dan kin it samar sa gean as yn Tweede Exloermond . Harkje nei dit djiptryste ferhaal oer in fuotbalklup dy’t er net mear is…….

20 jier lyn

20 jier lyn al wer naam trainer Klaas Dijkstra de ôfskie fan SDS.  Hij is oant no ta de langstsittende trainer bij SDS. De prestaasje fan SDS 1 yn it It seizoen fan 20 jier lyn (1999-2000) kinne jim hjir noch in kear besjen.

Yn it sintsje


Wannear kin de Bunnikside wer iepen en foar hoefolle is der plak?

Lokwinskuhhhhhhhhhuhuhuhuhuhhuh!

Frank Bervoets is hjoed jierdei! Wy winskje him in noflike dei ta!

Seizoenkaart sc Heerenveen

Sc Heerenveen hat ynmiddels al mear as 6000 seizoenkaarten ferkocht. Hjir kinne fansels noch folle mear by. Asto dyn seizoenkaart fan sc Heerenveen ferlingen giest of do keapest ien dan is dit de SDS-code; 7059420. SDS krijt fan eltse ferkochte of ferlingde seizoenkaart wêr ’t de SDS-code ynfuld wurdt €10,-. It soe moai wêze as wy as SDS’ers op dizze manier sawol sc Heerenveen as SDS stypje kinne!
Klik hjir om je seizoenkaart te ferlingen of te keapjen. Giesto foar it Gouden of Sulveren Pompeblêd?

Harsens derby (2238)

Dan sa mar…………………….