E4-hjerstkampioen

Wepperkes -snein-
18 november 2006
Wepperkes -moandei-
20 november 2006

Mei in foarjierstemperatuurke yn de loft, waard E4 sneontemoarn yn Easterein hjerstkampioen. Mei tank oan Tjerk van der Pol en Dirk Stoelwinder kinne wij in byldferslach dwaan.


Earst wie der fansels noch de wedstryd tsjin sc Franeker E10


ín wedstryd dy’t maklik wûn waard mei 9 soms skitterende doelpunten

 
en wêryn Dagmar en Jacob efteryn stoer ferdedigen


en at it dien is en de penaltys binne ek hast allegear tsjin it netsje gien, dan komt Jappie Wijnia lâns mei de medaljes en dat jout grutte wille


en dan fansels de kampioensfoto mei grutske spilers en … tefreden lieders


en dan komt de ûntlading yn de klaaiboks


en it hichtepunt fan it feest: om de stamtafel mei drinken en patat.

Kirst Stoelwinder
Wiebe Heeres
Dagmar Tjalsma
Haye-Jan de Boer
Bote Jellema
Lourens van der Pol
Jacob Smink
Idsert Turksma
Frank Turksma (lieder)
Gerke Jellema (lieder)

Fan herte lokwinske