Wepperkes -snein-

SDS-sokken
18 november 2006
E4-hjerstkampioen
19 november 2006

Hoelang noch?
De spanning bij SDS 1 – it Fean 58 1 wie grut. Seker doe’t SDS mei 2-1 foar kaam en der noch in kertierke te spyljen wie. De klok stie op 84 en Feikje Toering hie it net mear. Sij seach nei it prachtige skoareboerd en sei ferdwaasd: “Noch 6 minuten seker of rekkenje ik no ferkeard?”

Alle útslaggen
At jim
hjir sjogge kinne jim de útslaggen fan dit wykein noch in kear goed besjen en de koarte ferslaggen lêze fan de wedstriden. Wij misse de útslach fan SDS 6 noch. En de doelpuntenmakkers.

Perioade
As SDS A1 sneon wint fan VV Heerenveen dan kinne sy der fan troch gean mei de 2e perioadetitel. Dit soe in knappe prestaasje wêze.

Kabels
Der wie sneon allegear wer drokte op de Skoalleseize. Ferskillende frijwilligers wiene moarns dwaande om der in “rotsoai” fan te meitsjen, tusken de middei in kabel te lizzen en middeis de boel wer kreas te meitsjen. Oer net al te lange tiid begjint de bou fan de nije opberchromte dy’t earst kantine wêze sil.

Ballefanger
Op it trainingsfjild is in “nije” ballefanger pleatst om foar te kommen dat der fuotballen op de tennisbaan bedarje en tennisballen op it trainingsfjild. It geraamte stiet. Der moat no allinne noch in net yn.
De mannen fan de Skoalleseize hawwe it mar wer drok hân.

TikkieterugJaap-klassemint
Ek al spylje je in hiel ein út Easterein wei, der bliuwt nea wichtige ynformaasje yn de loft hingjen. Wij binne bliid dat ús korrespondint útt Rouveen wit te melden dat sij wol hiel goedkeap oan ien doelpunt kamen tsjin SDS 2 (5-4). Der wie in eigen doelpunt fan Robert Hoekstra. Hij krijt dus ek in plakje yn it
TikkieTerugJaapKlassemint

Programma SDS 6
Fan alle senioareteams stiet no it wedstrydprogramma op de webside. Dy fan SDS 6 no dus ek(klik
hjir).
No ferwachtsje wy fan SDS 6 in útslach en in ferslach fan de útwedstryd fan juster tsjin VVI. Mail it nei
ús!

Wa wurdt de winner?
Wij ferwachtsje noch wol wat foarsizzingen wa’t de earste foarronde wint fan de striid om de titel fuotbalprofessor fan SDS. At jim tinke dat Lolke wint, klik dan
hjir . Ferwachtsje jim dat Willem troch giet nei de finale, klik dan hjir en stimme jim op Wichard dan kin dat hjir.
De tuskenstân is dat alle trije ien stim hawwe.


Wêr binne se bleaun (4)

At jim op de foto klikke, kinne jim krekt sjen wa’t it is. Wij binne benijd wêr’t hij bleaun is en at hij noch fuotballet.
Dan graach
in mailtsje.