Frouljusfuotbal Der binne dit jier wer 450 lotten ferkocht. Dat is in skjinne winst fan €900 foar SDS. Dat is dus hartstikke moai. Tige tank oan alle lotten keapers. It wienen de lot nûmers 0755701 – 0756150. Op www.groteclubactie.nl kin jim nei sjen oft jim ek in priis wûn ha. Sa goed as ik it besjoen ha binne der spitigernôch allinne 5 prizen fan €5 fallen. De grutte prizen wolle hjir mar net hinne. De lot nûmers dy ’t einigje op 44 ha €5 wûn. Mei fr. gr. Immie.
Wy hawwe jûn nijs oer it frouljusfuotbal by SDS. It liket in aardich serieuze oangelegenheid te wurden.
Futsal
Sawol SDS 1 as 2 moatte jûn sealfuotballe. SDS 1 spilet om 22.05 út tsjin ZVVS yn Staphorst. SDS 2 spilet om 19.30 út tsjin De Griffioen 1 yn Easterwâlde.
Jeugdvoetbaldag 2007
Op sneon 2 juny 2007 wurdt de jierlikse KNVB Jeugdvoetbaldag hâlden. Dit kear is it op de fjilden fan Drachtster Boys. Dizze dei is spesjaal foar alle pupillen en junioaren fan Fryslân. Dus fan de F’kes oan ’t de A’s. It programma is de muoite wurdich en it kostet neat. Klik hjir om de foaroankondiging te lêzen.
Sealtrainen jeugd
Jûn begjint de earste jeugd wer te trainen yn de seal. Dizze ploegen moatte dizze wike traine:
Klik hjir foar it hiele skema. DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS MAANDAG F4/F5 20-nov 17,00UUR BAUKE DIJKSTRA DONDERDAG E3 23-nov 17,00UUR SAMME OVERAL DONDERDAG E4 23-nov 17,00UUR JELMER DE BOER VRIJDAG F1 24-nov 17,00UUR THEO / JURJEN VRIJDAG F2 24-nov 17,00UUR CHRISTIAN
Grutte Klub Aksje
Hjirûnder kinne jim lêze hoe ’t je je priis inne kinne.
Prizen inne
Maak een kopie van uw volledig ingevulde winnende lot en stuur het origineel in een voldoende gefrankeerde gesloten envelop naar:
Nationale Grote Clubactie
Postbus 90100
5000 LA Tilburg
Uw prijs wordt binnen 6 weken bijgeschreven op uw bank- of girorekening of naar u toegestuurd.
SDS League
As spilers bonuspunten fertsjinje koenen yn de SDS League, dan witte wy wol wa ’t se dit wykein hawwe moasten. Engelaar(wat in goal!!), Kruys(supergoal!!) en Suarez(superassist) wienen hjir seker foar yn oanmerking kommen.
Moarn kinne jim hjir de nije stân besjen fan de SDS-League!
Harsens derby(24)
Lekker túte!!??(klik hjir).