SDS1 wint !!

Utslaggen sneon 11 desimber
11 december 2004
Djoere en minder djoere wepperkes
12 december 2004

Harm Stremler
Sûnt ferline jier hawwe wy it Clarence -sluierklassemint ynfierd. Wa’t in strafskop mist komt dêryn. Ien fan de earsten dy’t dêr ynstie, wie  Harm Stremler. Dat wie him min nei it sin. Hy fûn it mar neat. Sûnt dy tiid hat Harm net wer in strafskop mist. Wy binne dus bliid mei dit klassemint. Op de foto skoort Harm tsjin it Fean de 1-0. Ut in strafskop fansels.

Pupillen fan de wike
By elke thúswedstriid fan it earste komme der twa pupillen om it SDS 1 gefoel mei te belibjen. Dizze kear wiene Jesse Vallinga en Jelle de Vries de twa gelokkigen. Omdat lieder Anne Brouwer it ek al drok hat mei koachen, wie Robert Sijbesma de mân dy’t harren in moaie middei besoargen. Mei in patatsje as ôfslúter kaam der oan 5 oere in ein oan dizze middei.

Frije traap
Yn de earste helte krige SDS in frije traap op in moai plakje. Feite de Haan mocht it besykje mar rekke de bal net lekker.

Krekt oer
Yn de earste helte wiene der inkele kanskes. Fan Floris wie in bal krekt oer.

de Treffer
Hijlko Broersma wie as ferslachjouwer oanwêzich. Mar hy wie fansels krekt as elkenien nijsgjirrich wat er yn it himd fan it liif stie oer Aukje en mooglik oer Wichard. Grutte kâns dat er dat brûkt hat yn syn ferslach. Hy hie de Treffer yn alle gefallen by de hân.