Evenementen in december 2022

Dielnimmers lifters2007
23 december 2006
Wepperkes 1ste krystdei
24 december 2006

Krysttoernooi yn Frjentsjer
Moarn stiet op dizze side it ferslach fan de prestaasjes fan SDS. De tuskenstân kinne wij al sjen litte fia dizze link, mei tank oan Oscar.

Quote fan de dei
Tseard Breeuwsma hat juster fuotballe mei SDS op it krysttoernoai yn Frjentsjer. Hy kaam wat letter want hy moast earst ûnder de kij. Nei in lyts stikje fan SDS fanôf de tribune sjoen te hawwen kaam hy de boks binnen mei in moai ferhaal; “Ik stie boppe op de tribune doe ’t der 2 jonges foar my stienen te praten oer SDS. De iene sei:”Die Willem Wijnia is een knappe voetballer”. De oare sei doe “Ja, en die Skelte Anema is ook niet mis, maar er mist ook nog één hele goeie”. Ik sei; “die staat hier naast jullie………….” 

Fytse
It fytspaad tusken Wommels en Easterein easket sa no en dan wol ris wat “slachtoffers”. Op ien of oare wize is dit prachtige paad net sa breed as it der útsjocht. Gelokkich is der dan in feart dy’t foarkomt dat je hielendal de ferkearde kant út gean.
Ek yn Frjentsjer is it soms tsjuster en binne der skerpe bochten  en fytsers dy’t it paad bjuster reitsje. Sjoch it ûndersteande berjocht.

(bron LC)


Jan Hiemstra is âld fuotballer fan SDS en trou supporter fan SDS 1.

Ut de âlde kaartebak (7)
hspace=0
Kinne jim Oene Hofman noch herinnerje? Mail ús jim herinneringen oan him. Dat kin op dit adres.

Drs. Vijfje
By SDS hawwe wy it aardich foar elkoar mei de webside. By Drs. Vijfje is it noch wer wat better. Dêr kinne je sels samenvattingen besjen fan wedstriden. Klik hjir om de wedstryd te sjen fan ôfrûne woansdei tusken Urk 1 en Drs. Vijfje 1. Let ek op it prachtige kommintaar.

6 jannewaris
It is fansels noch lang net sa fier, mar it driget wol in hiele moaie dei te wurden mei in protte fariaasje. Dêrom mei der nimmen misse. Earst meielkoar drave (sels Eddy en Aant dogge mei) dan meielkoar snert ite, dan harkje nei de taspraak fan de foarsitter, dêrnei Jan Simon dy’t mooglik it PSV liet sjongt, dan petje op en petje af en dêrnei de kwis. (mar dy sil wol letter begjinne sjoen it feit dat Eddy en Aant meidrave)

Hân yn hân
Dirk Yde Sjaarda is al aardich dwaande de bus fol te krijen mei SDS-ers dy’t Feyenoord in waarm hert tadrage. Op 22 april sil it heve at Feyenoord yn de striid moat mei NEC.

Foar Feyenoord
Dizze is spesjaal foar al dy SDS’ers dy ’t nei Feyenoord – NEC sille(klik hjir).

Harsens derby(45)!!
Dizze is spesjaal foar Samme Overal(klik hjir).

Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei
ús adres.