De wedstriden fan 29-10

Programma/útslaggen 29-10
28 oktober 2005
Wepperkes -snein-
29 oktober 2005

Dronten 1 – SDS 1 5-0
Nei in rêststân fan 3-0 waard it 5-0 oan de ein. Bysûnderheden binne noch net bekind.

CVVO 2 – SDS 2   2-3
In nuttige oerwinning fan SDS 2. De rêststân wie 1-2. De doelpunten waarden makke troch Jan Stenekes en Stefan van Krimpen(2x). De 1e fan Stefan wie út in pingel en de 2e wie in ferdwaalde foarset die ’t der by de 2e peal sa ynwaaide.
Jos krige 1 reade kaart(mar hie 2 hawwe moatten) en Bote, Jelte en Pieter krigen geel.
It ferslach fan Stefan folget letter.

SDS 3 – Berlikum 2   5-2
In prima oerwinning fan SDS 3. Ferslach  fan Wichard komt letter. Doelpuntenmakkers: Harm Auke(2), Wichard  (2) en Jeroen 

SDS 4 – Leeuwarder Zwaluwen 9  0-2
In typyske 0-0 wedstryd, mar it waard 0-2. In protte irritaasje yn it fjild wêrtroch 22 spilers úteinlik net in leuke middei hiene.

SDS 5 – Tzum 2   4-4
In wedstryd wêr’t fan alles barde. Blunders, in giele kaart in reade kaart, in eigen doelpunt, in strafskop en in protte komyske mominten.
Doelpuntenmakkers: Bas de Haan (2), Eeltsje Postma en Jelmer van der Valk. (de beide lêste twa binne A2 spilers)

SDS A 1- jc Bolsward A1
SDS wie tige doeltreffend yn it benutten fan de kansen dy’t se meinamme yn de earste helte krigen. In rêststân fan 5-1 wie mear as weelde. Doelpunten wiene der fan Bauke, Jehannes, Jelmer, Jehannes en Jelmer.
Nei de tee kaam Bolsward ticht bij. It waar 5-4 en spannend dus. Krekt foar de ein de 6-4: In fiere yngoai fan Douwe, it trochkoppen fan Erwin en it doelpunt fan Paul.

Futsal: Harkema 4 – SDS 2
SDS 2 (futsal) hat justerjun yn en tsjin Harkema mei 1-10 wun en giet sa troch nei de 3e ronde fan ‘e beker. Jan, Tseard H en Jacob-Klaas wienen der net by. Yn plak fan harren spile Feite in goeie pot. Mei goals fan Skelte (2), Pieter (2), Tjeerd B (2) en Dirk-Yde (4) waard it in hiel maklike jun foar SDS.

Wa’t noch wat te melden hat kin maile
ús adres