SDS-jubileumplaatsjesboek is rûn en de plaatsjes kinne no sparre wurde by Jumbo-Kooistra yn Wommels!

De nije SDS-League! Ynleverje foar freed 9 febrewaris 20.00 oere.
6 september 2022
Foto’s jubileum SDS 75 jier
7 september 2022

De SDS-jubileumplaatsjesboeken binne drukt troch ús haadstiper Drukkerij Van der Eems en ynmiddels besoarge troch ús Trefferbesoargers. Machtich moai dat dizze Trefferbesoargers de jubileumboeken rûnbrocht hawwee.

Wy kinne wol sizze dat it boek in plaatsje wurden is. Hooplik meie jim it ek lije.

De plaatsjes kinne fanôf woansdei 7 septimber sparre wurde by Jumbo-Kooistra yn Wommels. Jim kinne no dus los!
By eltse €10,- oan boadskippen krije je in pakje plaatsjes mei 4 stickers der yn en by bepaalde aksjeprodukten kinne je ekstra stickers krije.

Alle leden en stipers hawwe it SDS-jubileumplaatsjesboek yn de brievebus krigen.
Eltse húshâlding krijt dus mar ien jubileumboek.
Leden dy ’t de Treffer oars altiten mei de post krije kinne in jubileumboek fergees út de bestjoerskeamer helje of by de Jumbo-Kooistra yn Wommels.