De avontoeren fan Hertog Jan

OosterlittensE3-SDSE3
5 oktober 2003
E4 wûn op 6 septimber
5 oktober 2003

Neidat elke sjoffeur op de kaart neisocht hie wêr’t Noardburgum lei, sette it selskip fan SDS 5 (mei Knabbel en Babbel yn ferskillende auto’s) en mei Hertog Jan nei dizze ûnbekinde tsjinstanner yn Tytsjerksteradiel.

Foardat it earste fluitsinjaal klonk, wie der alhiel wat bard, wat wierskynlik net goed wie foar in goeie tarissing.

Jelle de Boer moast yn Easterein in skiedsrjochter ferfange dy’t der hinne foel, en hie it swit al op de hûd en moast hurd…hurd….hurd.

Jaap Boekholt hie ek liedereftige ferplichtingen en kaam 2 minuten foar de wedstriid oansetten en koe net mear ynskopt wurde, want ek hy moast hurd…hurd…hurd.

In swiere hagelbuoi by Ljouwert soarge foar in wite en glêde dyk. It wie omdat de sniekettingen noch net yn de auto leine oars hie Babbel se derom dien. Sa moasten ek alle oaren hurd…hurd…hurd.

It opwaarmjen noege ek net út, want de prachtige kúpstuoltsjes yn de klaaiboks sieten hearlik

en dêr woe elkenien lang fan genietsje.

It wie dus logysk dat der yn de earste helte gjin skerpte wie. De felle wâldpiken wiene dat wol en wie dan ek logysk dat sy skoorden. De wize werop wie wol wat gelokkich. Jaap Boekholt koe in fier skot net ûnder kontrole krije en ferknoffele syn pink. Hy moast nei dokter en Jelle de Boer koe syn dei mei ferrassingen fuortsette. Hy mocht yn it doel. It waard ek noch 2-0 foar de thee nei ûngelokkich útferdigenjen.

Yn it skoft kaam alles oan de oarder: de opstelling, de wiksels, de felheid of it gemis dêroan, it der yn leauwen. It hie rissultaat.

Mei in geweldige twadde helte kaam Noordburgum der net mear út. Gerlof Veldstra wie foar de grutte ynspirator op de rjochter fleugel. Jacob Plantinga skoode troch en soarge der foar dat nimmen fersaakte. Willem Tjalsma en Bertus Bootsma wisten mei harren snelheid efter te korrigearen as dat nedich wie en sa koene der sa’n 15 hoekskoppen nommen wurde dy’t allegear foar in protte gefaar soargen. It levere krekt foar de ein in doelpunt op troch de man dy’t it fertsjinne ien te meitsjen: Jacob Plantinga.

It wie noch te koart tiid om der in gelykspul út te slepen. De slach wie levere (betiden in te hurde slach) en helaas ferlern.

Mar gelokkich Klaas Molenmaker wie 50 wurden en krige fan ús as kado in titel: Hertog Jan. Lokkich wiene de 24 kompanen fan Hertog Jan ek mei en sy woene net mei werom yn it krat.

De gehakballentest yn de kantine waard wer útfierd troch Jacob Plantinga en hy ferûnderstelde dat it gehak by Bouma út Easterein kaam, sa lekker wiene se.

Der waarden mear dingen testen nei ôfrin: de fleskes bier (helaas wie Stoffel der net), it tafelfuotbalspul (Gerard en Gerlof) en de CD spiler (Andre Hazes). En fansels waarden der erfaringen útwissele mei de Noardburgumer “Tsjikke en Eke” oer it draaiende rêd en de pikante prizen.

By it ôfskie waarden we ek noch útnoege om ynkoarten in ljochtwedstriid te spyljen tsjin de feteranen omdat se ús oanwêzichheid tige op priis stelden.